>> HOMEpage


Obe Postma
Oer it Fryske libben fan troch 'en dei yn 16e en 17e ieu
[d.i. Over het dagelijks leven in Friesland in de 16e en 17e eeuw]


Bron: Uitgave BRANDENBURGH & CO. - 1955 - SNITS
Internetuitgave: M.H.H. Engels, juli 2013
Men melde niet verbeterde tekstherkenningsfouten: contactadres op de homepage!


YNHALD.
Wurd foarôf
I. De huzen - 3
II. Hôven en beamguod - 6
III. Ynrjochting fan it hûs. Ynboel - 9
IV. Bêdden, bedguod, linnen, klean - 14
V. Iten en drinken - 19
VI. Sport, boartsjen, wapens - 22
VII. Skoalle, ûntwikkeling, kultuer - 26
VIII. Bisyk en der op út - 31
IX. In pear rekkeningen - 36
X. Sykte en forstjerren - 40

WURD FOAROF
Yn 1937 is yn de Frisia-rige fan de Fryske Bibletheek in
boekje fan ûnderskreaune útkomd bititele "De Fryske boer-
kerij en it boerelibben yn de 16e en 17e ieu". Dat boekje is al
lang útforkoft en net wer op 'e nij printe. Ik leau ek net dat
der forlet is fan sa'n nije printinge omdat de buorkerij goed
syn gerak kriget yn it greatere boek oer de "Geschiedenis
van de Friese landbouw".
Mar mei it lêste diel oer it boerelibben is it hwat oars. Hwat
dêr yn stiet haw ik nou brûkt foar it nije boekje dat ik hjir
ynlied. De stoffe is hwat omwurke en der binne twa haed-
stikjes foar en twa efter oan ta foege. Fierder is der efkes
mear tocht oan de stêdsbifolking as yn it oarspronkelik
boekje. De titel is dêrom ek foroare.
O. Postma.
-3-
I. DE HUZEN.      >> begin
De boerehuzen hienen yn de tiid, hwer't wy it oer
hawwe. meast twa wenromten: de keamer en de keuken, ek
wol binhús en mulhús neamd. Dêr efter lei it bûthús dêr't
winters de kij stienen en dêr't ek wol ris nôt biwarre waerd.
Yn de earste tiid wienen der noch gjin skuorren, it hea waerd
oan in blok of berch brocht. Doe't de skuorren kamen waer-
den dêryn ek de berch en it bûthús opnomd. De tsjerne wie
wol ris yn 'e keuken dy't dan dus ek tsjernherne waerd, mar
ek wol ris yn 't boppe-ein fan it bûthús, lyk as ek de tsiis-
tsjettel. De molkenkeamer of kelder wie meast yn in útbou
dwars op it haedgebou, mar ek wol ris yn in ôflegering fan
it binhús en letter wol ris ûnder it binhús, dat dan opkeamer
waerd.
By de lytse boeren wie ek wol ris mar ien wenromte, dy't
dus tagelyk keamer en keuken wie. By de arbeidershuzen wie
dat de regel; eigentlik wie dat oan dizze tiid ta noch sa. Mar
der wienen ek greate boerehuzen mei trije fortrekken by
greatere boeren: foarkeamer, middelkeamer en keuken of
binhús, mulhús en keuken.
De wenningen fan de boargers yn de stêdden en
greate doarpen hienen faek noch dyselde twa fortrekken:
foarhús en efterkeamer; mar der kamen gauris alderhande
útwreidingen by. Yn it foarhús, dat ek winkel en wurkplak
wie, kaem in kantoarke yn in hoeke en oan de efterkant wol
in keamer op de heale hichte, de kreake. Dan kaem der efter
de efterkeamer, mei of sûnder in binnenpleats der tusken yn,
wer in keuken, en boppe kaem in foar- en in efterboppe-
keamer.
Op it platte lân wienen de pastorijhuzen ek wol ris hwat
royaler as dy fan de boeren, mei in seal en in studearkeamer.
En fansels de huzen fan de eallju, stinzen of slotten, hienen ek
har sealen en forskillende oare moaije keamers.
Hwer't wy it fierder dan noch oer hawwe moatte is foarearst
it materiael foar dy huzen brûkt. De muorren fan it
wendiel fan it boerehús wienen yn dy tiid meast al fan stien
en hja hienen glêzen finsters. Mar de glêzen dêr moatte
wy dochs noch hwat fan sizze, it is nl. seldsum hoe't dy

-4-
altiid mar wer stikken wienen en makke wurde moasten. Yn
de tsjerkerekkenboeken kinne wy der frij hwat oer fine by
de tsjerken, skoallen, pastorijhuzen en skoalmastershuzen.
Sa lêze wy yn it tsjerkerekkenboek fan Boazum yn 1562
fan "kerckeglaesen stoppen" yn 1563 fan "kerckeglazen stop-
pen en repareren" en yn 1564 wer fan "repareren en
stoppen". To Wurdum yn 1586, 1588, 1590 en 1593 fan
reparearen fan glêzen oan de tsjerke, de skoalle, it pastorij-
hûs en in kostershûs. Hwat is dat stopjen?
Yn forban dêrmei wurdt ienkear fan reid en ienkear fan strie
sprutsen 1). It liket frjemd mar wy moatte hast wol oannimme
dat yn de gatten strie of reid of soks hwat stoppe waerd. Dan
hie it dochs wol better west om de glêzen, sa as ek wol dien
waerd, mei "rysen" of "horden" to biskermjen. Dit barde yn
1643 to Roardahuzum en yn 1655 to Blessum, nei 1700 waerd
der ek wol izergaes foar brûkt.
De skuldige foar it brekken fan de glêzen sil wol it keatsen
en oar boartsjen op tsjerkhôf en omjowing west hawwe. Al yn
1545 kleije de tsjerkfoogden fan Broek by de grietman dat de
glêzen fan de tsjerkefinsters sa to lijen hawwe fan it spul fan
de lju op it tsjerkhôf. It kin ek noch wol hwat minder west
hawwe as keatsen. Yn 'e stêdden wurdt ek wol klage oer
it smiten mei bakkerts of balstiennen oer de strjitten.
Hwat de dakken oangiet oer dizze beide ieuwen wienen
de dakken fan de huzen meast noch fan reid of strie, tomin-
sten bûten de stêdden. Iderkear wurdt der strie of reid koft
foar de dakken fan de tsjerkehuzen en pastorijen. Dan sead-
den foar de naed en "roop" om it strie of reid fêst to binen.
Dizze roop sil wol meast fan roggestrie út de wâlden west
hawwe.
De tsjerken krigen lykwols yn de 16e ieu al in dak fan laei.
Yn dy tiid rekken der heel hwat reiden-tekken rampoai. Om
it midden fan de 16e ieu moasten de tsjerken fan Allingawier,
Eksmoarre, Piaem, Peinjum en Offingawier allegear in nij
dak hawwe. Hja hienen foar it laei mear jild nedich as hja
----------
1) Ien kear foun ik ek: "wegens uitgeschoten geld voor wat touen van
glaesen te stoppen: 0-2-8".


-5-
hienen, en moasten dan oan it Hof tastimming freegje hwat
fan it tsjerkelân to forkeapjen.
It bisûndere fan de skoarstiens is dat dy der yn de 16e
ieu op it boerelân hast noch net wienen. Der wie dan in
iepening yn it dak hwertroch de reek fan it fjur (kachels
wienen der noch net) ûntkomme moast. Der stie in tastel oer
dy iepening hinne mei in lûk dat iepen lutsen en wer ticht
falle koe, de saneamde "hûskiste" 1). Wy hearre dêr wer fan
yn de tsjerkerekkenboeken by skoallen, tsjerken, pastorij
êfl kostershuzen. Yn 1577 moat er to Wier hwat barre mei
de hûskiste fan it kosterijhûs. De hûskiste fan de Wurdumer
tsjerke wurdt yn it tiidrek 1602-1605 ôfbrutsen en de lead-
jitter makket it gat ticht. Yn dy tsjerke moast der foar dy
tiid hiel hwat ôfstookt wurde. Der moast noch al ris hwat
soldatefolk tahâlde yn it lêst fan de 16e ieu en ek fan it eigen
folk lei der wol ris yn om wacht to hâlden. Der waerd strie
hinne brocht, om op to lizzen en dompen (dongturven) om
to stoken.
Yn 1581 moat der tou koft wurde foar de kisteline yn de
skoalle to Tsjommearum. Noch yn folle letter tiden wienen dy
hûskisten noch yn de bûthûzen fan âlderwetske boerepleat-
sen en dan mear foar lucht en ljocht as om de reek. Mar yn
1693 wienen der to Gaest to minsten al 3 skoarstiens op it
pastorijhûs en 1 op it skoalmastershûs en in oar tsjerkehûs.
De flieren fan de wenfortrekken sille meast mei estrikken
bidutsen west hawwe, as it moai wêze moast yn twa kleuren.
Mar yn 'e klaeistreken sille dizze net mei san bistruid west
hawwe sa as Cuperus mient dat it gefal wie by in pastorij-
hûs to Jelsum. De hurdbiezem dy't dêr wie bitsjut net in fol-
dwaende reden om dat oan to nimmen; foar sa'n biezem wie
oars wol wurk. 2)
Dat er net altiid estrikken leinen blykt út in bisûnderheit yn
1641 to Wargea hwer in keuken in "aarden vloer" hie. It
wie oars wol hwat frjemd dat dêr wol in strjitsje wie fan de
efterdoar nei in loads ta.
----------
1) Mar ik foun ek de namme "rieckiste".
2) Sjoch: S. Cuperus "Het leven van een friesch predikantsgezin in de 18e
eeuw", De Vrije Fries XXIII.


-6-
De keamersmuorren wienen yn 'e regel wite, mar
in inkelde kear waerd der ek wol ris swartsel foar de muorren
brûkt. Sa to Mullum yn 'e tsjerke yn 1639. Mar dat sil wol
foar de ûnderste ranne west hawwe. Yn letter tiid waerd
soks ek noch wol yn 'e gong fan arbeidershuzen dien. Inkeld
barde dat ek mei de souder fan in arbeiderskeamer. Tar
waerd ek wol ris foar soks brûkt.
Wy wolle bislúte mei de yndieling fan in pear stêds-
huzen
yn de 16e ieu. Wy nimme dêrfoar foarearst in hûs
to Boalsert yn 1558; dêr wie dan in foarhûs, in efterkeamer
en in "koecken ofte opten heerdt" en boppe noch "een
opcamer". Dy namme "heerdt" komt mear foar, dy sil oer-
bleaun wêze út de tiid doe't der mar ien plak wie, hwer't
stookt wurde koe.
To Snits yn 1582 wie in hûs mei "sael", "coecken" en
"craeck". De seal wie blykber it foarhûs, dêr't de kreake ek
yn wie.

II. HOVEN EN BEAMGUOD.      >> begin
Tsjintwurdich sjocht men graech om in boerehûs hwat beam-
men en ek op de buorren fan it doarp. Hoe wie dat eartiids?
Wy lêze dêr net folle oer, mar it liket my dochs wol de
muoite wurdich dêr hwat oer to sizzen. De wâlden binne
fansels yn dit stik hwat oars as de klaei; dêr binne de beam-
men thûs en sille se doe ek net ûntbrutsen hawwe. Mar op 'e
klaei moatte de minsken se plante hawwe. Binne hja der al
gau mei bigoun?
Fan de hôven by de pleatsen fine wy meast net
folle mear as dat der by it forkeapjen fan de pleatsen stiet:
huis, hof, bomen en plantage en faek fine wy ek neat fan
soks. Mar yn 'e 16e ieu is der ek wol ris al hwat mear, sa as
yn Stiens yn 1592: "moei hoff op de noordtziide van het huys
en willige boomen om 't huys". To Lekkum yn 1593 al in
hûs mei pannen dutsen en mei in hôf oan de eastkant en west-
kant "door een muyr betrocken" en yn it hôf forskate frucht-
beammen en 2 priëlen. Mar dat wie to Snakkerbuorren by
de stêd. To Jelsum yn datselde jier "eenig geboomte by 't
huys".

-7-
Yn 1597 ek wer to Jelsum "hoff op de zuydzijde met 5 appel-
boomen, 8 pruijmboomen en enige andere boomen tot behoeff
van de mantel", en dan "een vierkante thuyn op de noordzijde
van het huis". In tún is meast in stikje bougroun sûnder
beammen. Fan in mantel sprekt ek Dirck Jans de Bildtboer
as er yn 1604 seit dat hy plante hat "seer veel caerse boemen
ende ock ytelicke pereboemen ende appelboemen, die sydt
weest houck gheseet voel eesken boemen".
Nei 1600 fine wy folle mear hjiroer. Der wurdt dan op for-
skate plakken fan in "ionck hoff" sprutsen; der skynde doe
mear leafhabberij foar in hôf to kommen. Sa to Wurdum
"een moeij ionck hoff voor 't huys" yn 1605. Yn 1606 to Stiens
"oost en west van het huys een jong hoff". Soms binne der
ek mear bisûnderheden sa as to Huzum "karsseboomen en
4 druyfstocken en cruysbessen" en to Britsum "eenige
eschen, vlaren en willige boomen". It falt op dat nêst de
fruchtbeammen de esken, flearen en wylgebeammen it measte
neamd wurde.
Wy hawwe nou allinne noch Ljouwerteradiel hawn en dêr
binne folle mear as wy nou neamd hawwe. Mar ek tichter by de
sé komme de hôven. Sa yn 1613 to Peinjum "huys, hof, bomen
en plantage"; yn 1611 to Kimsert "eenige boomen om't huys
staende". Yn itselde jier to Eksmoarre "huis, hovinge en
boomen". En to Easterbjirrum yn 1699; 200 elsebeammen en
2 appelbeammen yn it pastorijhôf set. Wy hearre it measte
oer pastorij- en kostershôven omdat dêroer yn de tsjerkerek-
kenboeken sprutsen wurdt. Sa to Deinum: 5 appelbeammen,
2 parrebeammen yn it hôf fan de skoalmaster (foar 6 goune
en 10 stûren. 1) Dan wer in parrebeam en in druvebeam yn
dy syn tún en 3 prommebeammen yn 'e pastorijtún. To Bles-
sum appelbeammen yn it skoalle-hôf foar 8 stûren it stik. To
Mullum 16 kersebeammen yn 'e domeny syn tún (2 goune
6 st.) It fait op dat hja faek mear kersebeammen oanretten
as yn letter tiid.
Ut de tsjerkeboeken fornimme wy ek hwat oer oare beammen
en dan foaral om it tsjerkhôf hinne. Soms hearre
----------
1) De gewoane gounen wienen caroli gounen (c.g.) fan 20 stûren, mar de
goudgounen (g.g.) hienen 28 stûren, de stûren hienen 16 pinningen.


-8-
wy ek hwat fan it ûntbrekken fan beammen, dat bart yn
1555 to Piaem as it dak fan 'e tsjerke tonein is: hja hawwe
dêr sa n lêst fan 'e wyn omdat it hof "nyet beplant is met
eenighe boemen". Men soe der faeks út ôfliede kinne dat it
doe al wenst bigoun to wurden hwat beammen om it hôf
to setten. Wy sjogge dêr ek hwat fan to Wier, dêr't yn 1588
de aide wylgebeammen om it tsjerkhôf kappe wurde en nije
setten. Yn 1591 wurde fuorgen om it hôf makke en der wurde
jonge ikebeammen yn plante. Dy wurde ek wjudden en dêr
wurdt dong yn brocht. To Easterbjirrum wienen beammen
om it tsjerkhôf setten en der wienen eken stokken by setten
om de beammen fêst to hâlden. Yn 1701 waerden 256 wylge-
poaten om it tsjerkhôf plante en in mispelbeam yn it pastorij-
hôf (foar 6 goune 11 st.). Yn 1703 iperenbeammen oin it
pastorijhôf en yn 1704 8 naentsjebeammen en 4 krúsbei beam-
men yn 'e kosterstún. Yn 1655 foun ik foar de earste kear
iperenbeammen neamd om in tsjerkhôf, mar dy komme letter
swietwei mear foar. 1)
Ienkear, mar dat wie yn 1711 foun ik de plattegroun fan in
nij oanlein hôf to Grou, fjouwerkant dêr't de fruchtbeammen
yn rigels op stienen. Ik foun dêr by neamd: fransekroon,
engelse pippeling en duco martens as appelbeammen en
harmen harckes, doienne peer en smeer peer as parrebeam-
men. Der stienen oare beammen as biskutting omhinne.
Wy moatte oan it ein noch opmerke dat der nea blommen
neamd wurde yn de hoven; wol wurdt der fan "kruyden"
sprutsen. Yn de tunen wurde neamd: wortelsaed, petercelie,
tuinkerssaed, melde en bietensaed.
Dat der by de slotten en states fan de eallju yn de 17e ieu wol
beammen stien hawwe yn hoven en singels moatte wy wol
oannimme as wy sjogge hoefolle beammen der yn de 18e ieu
al gau to keap oanbean wurde blikens de Kroniek van Dorp
en Stad fan Ds Wumkes.
De stêdden wienen yn dit opsicht net by de doarpen
efter, binammen to Ljouwert en Frjentsjer hiene hja hôven
en tunen; to Frjentsjer foaral noch al greate. To Ljouwert
----------
1) Ek al earder; yn 1615 moasten de pachters fan stêdsgroun to Frjentsjer
oan de Grachtswâl "ypen of linden boom en zetten".


-9-
fine wy om 1550 hinne "by't huys een proper geplantet ende
begroeyt hoff waer inne staen ongefeerlycken vijff en twin-
tigh bomen (appel- peer- pruimeboomen)." En om de stêdden
kamen der singels. To Ljouwert bigoun dit yn 1639 en om
1647 wie it klear. 1) Yn Frjentsjer wie tominsten blikens de
foargeande noat al yn 1615 it plan om oan de Grêftswal
beammen to setten en der sa dwaende "een bequame wande-
ling" to meitsjen. 2)

III. YNRJOCHTING FAN IT HUS. YNBOEL.      >> begin
Hwat de oanklaeijing fan kleden en gerdinen oan-
giet, yn de boerehuzen lei yn dizze tiid as regel neat oer 'e
flier as yn de 17e ieu inkeld ris in matte. De muorren wienen
keal en wite sa as al sein is. Mar by forname lju lei al ris in
kleed oer 'e flier en by tige forname lju hong oan de muorre
dan al ris in tapijt of in goudlearen bihang. Ek koe de muorre
dan al ris bitimmere wêze. Yn de 16e ieu hong der noch neat
foar de finsters, mar yn de 17e, foaral yn de 2de helt kamen
de "glasgordijnen". Wol wienen der gerdinen foar de bed-
steden en om de skoarstien doe't dy der komd wie. Yn 'e
lettere tiid wie der ek wolris in kleed (spreed) oer in tafel
en in kleed oer in kiste of om in kas.
Hwat húsrie oangiet wolle wy earst biskôgje hwat er
to finen is yn in gewoane boerehúshâlding. Dêrûnder soe ik
ljeafst forstean wolle in bihuzing mei 2 wenfortrekken. It for-
naemste dêryn is dan hwat hja gewoanlik neame "het hout-
werk", dat binne de meubels. Mar in heel inkele kear wurdt
lykwols apart opneamd hwat yn de keamer en yn de keuken
stiet: Wy sille mar it houtwurk as gehiel biskôgje sa't it
opneamd wurdt as ,.houtwerk in het binnenhuis". Dêr komt
dan noch efternei it houtwurk yn it bûthûs, it boereark. Yn
Westdongeradiel stiet dan dudeliker "houtwerck in het bin-
nenhuis en de keucken". Wy sille sa'n ynvintaris biskôgje
fan 6 Jann. 1613 by in boer mei 7 kij; dus ek yn dat opsicht
----------
1) Sjoch hjiroer: K. Fokkema "Eat oer it libben yn 'e stêd yn 'e 17e ieu",
Eare bondel foar Dr G. A. Wumkes s. 21.
2) Rechterlijk Arch. Franeker H. K.


-10-
net al to folle ûnder normael foar dy tiid. De list sjocht er
sa út:
1 een out trisoir
2 een groot eecken cantich tafel
3 een eecken kiste van omtrent drie voet
4 noch een trisoir in de keucken
5 sestien stuelen clein ende groot
6 twie drievoeten
7 twie losse fuire bancken
8 vier losse kesborden
9 een mangelbort ende mangelstock
10 twie cleerbessems
11 een houtwrijver
12 een out cleercorff
13 drie hant corven
14 een vischemmer
15 een naycorff
16 twie cleene meelvaten
17 twee fuyren tafels
18 20 houten tafelborden
19 twie oude spinwielen
20 twie haspels.
Dat is de folsleine list. Fan ien stik dêrfan wurdt sein dat it
yn de keuken stie (4) fan de oare stikken kinne wy it soms
ek hast wol riede. Fan de nûmers 8, 9, 10, 11. 12, 13, 14, 16,
18, 19, 20 is it wierskynlik dat hja dêr ek thús hearre.
Mar 1, 2, 3 en in part fan 5 sille yn de keamer thús wêze.
Fan 6, 7 en 15 wol ik it yn it midden litte. Mei it measte
komt it der ek net op oan. It gehiel jowt de normale boere-
rykdom sa om en de by oan.
Om hwat op to bergjen hawwe hja hjir dus trisoir (tresoor)
en kiste. Derby komme dan noch faek kevy (keeftkas) en
in spine. Yn 't tresoor of kevy is yn 'e regel it measte linnen,
it silver, de brieven en dokuminten en it jild, yn de kiste it
oare kleanguod. Yn 'e spine is it guod dat sa troch 'en dei
nedich is, hja hjitte ek noch faek "etelspinde".
Yn de earste tiid, yn de 16e ieu, binne der mear kisten as
letter, yn pleats derfan komme dan de tresoor en kevy of

-11-
noch letter de kas. De kisten kinne frij hwat greater wêze
as de hjir neamde fan 3 foet. Ik haw ienkear ien neamd foun
fan 7 foet lingte en ek ienkear ien fan 6 "perken". Dat sille
de fekken wêze dêr't de foarkant fan de kiste yn fordield
is. De fornaemste meubels tresoor, kevy, kiste binne meast
fan ekenhout, de spinen fan fjurrenhout. Yn hwat letter tiid
is der ek wol ris hwat fan nutebeammehout.
De tafels binne meast fjouwerkant of roun (schijftafels
hjitte se dan wol), inkeld ris 8- of 12 kantich.
De banken kinne foar allerhande doel tsjinje. Meast
binne hja om op to sitten, hja hjitte dan "setbanck" of "sitten".
Yn de âldere tiid wienen dy der mear as stuollen. Ek noch
wol ris wienen hja dan fêst oan 'e muorre; de oare hjitten
dan "losse". Dy banken om op to sitten waerden lykwols ek
wol brûkt om fan alles yn to bergjen sa as klean en ek wol
ris itenswaren. Mar der wienen ek banken om foar de bed-
steden to setten en banken dêr't de stuollen op set waerden,
soms elts op ien, soms mear byinoar op ien. Hwer't dat foar
wie? Ik tink om hwat moaijer to lykjen, mar it soe ek wol ris
wêze kinne om gjin kâlde fuotten to krijen op de stiennen
flier. Hoewol, dêr hienen hja ek wol ris skammeltsjes of
stoven foar. Sa kinne der bêst sa n 10 of 12 banken yn in
ynboel wêze.
De stuollen wienen der ek noch yn soarten; foarearst
aparte foar manlju, froulju en bern; dan nei de sitting to for-
dielen yn houten, strieën en matstuollen, en nei de bekling
yn boegelde, hoepte, traliede en "besloten" stuollen.
Der wienen ek "preekstoelen" om yn tsjerke to brûken foaral
nei de Reformaesje. Dan wienen der ek "drievoeten" stuol-
tsjes op 3 poaten.
Kuorren hienen hja in bulte, yn boppesteande ynvintaris
wienen der fan 3 soarten, mar der wienen ek turfkuorren,
breakuorren, fiskkuorren, skûtelkuorren, skoalkuorren en
noch mear. Ek brûkten hja frijhwat houten doazen en tûnnen,
mar bliken doazen en trompen sa as wy hienen hja net folle.
Mei de saneamde húshâldlike artikels wie it
heal oars as tsjintwurdich. Der wie net folle izerspul; gjin
kachels en stellen, mar boppe de hurd hong in heak hwer in
tsjettel oan hingje koe en dan wienen der in pear treeften en

-12-
tangen. Hast gjin izeren potten, pannen, leppels en foarken
mar frij hwat koper en tin; tinnen leppels, skutels en kannen
en ek in bulte houten leppels en tafelboarden (sjoch boppe!).
Dy houten boarden brûkten hja yn pleats fan ús itenspannen
om it brea, spek en fleis op to lizzen.
It stienguod wurdt meast net sa krekt opneamd. Der
stiet dan noch al ris "potten, pannen, schuttels en kommen
gelyck se in een huysmans huys behoeren" of soks hwat.
Yn hwat letter tiid is der noch hwat Hamburger, Zybachs
(fan Siegburg?), Berger (fan Bergen op Zoom?) stienguod.
Ek binne der Levorsche kommen en pannen (fan Livorno) en
Straetse (nei de straet fan Gibraltar neamd). Yn it lêst fan
de 17e ieu bigjint it porslein of Eastindysk guod to kommen),
mar dat komt meast yn de 18e ieu.
Yn boppeneamde ynvintaris wie ek in spinnewiel;
dy wienen er yn hast eltse ynboel, soms wienen der ek wol
3 of 4. De froulju sieten yn dy tiid hast altiid to spinnen. Hja
spounen seis hast alle jern, dêr't har linnen lekkens en him-
den fan weefd waerden. Mar it weven dienen hja seis net,
dat die de wever fan syn fak. En nou is it frjemd dat hjir doe
yn Fryslân hast gjin flaeks forboud waerd: al dat flaeks waerd
ynfierd. As plakken hwer it fandinne kaem wurde Alkmaer
en Hulst neamd, mar it measte kaem út Flaenderen, Noard
Dútsklân en Littauwen.
Nou hawwe wy sapas in gewoane boerehúshâlding biskôge,
mar de fraech kin steld wurde: hoe wie it by in lytsere
boer
of in arbeider mei mar ien wenfortrek? fan arbeiders
binne der ûngelokkich sa goed as gjin ynvintarissen; dat wie
de muoite fêst net wurch. Wy sille it dwaen mei de ynvinta-
ris fan in man mei 1 kou to Holwert op 29 Augustus 1617,
dus deselde griteny as sapas.
It houtwurk yn't binhús is nou:
een ophoogde eecken kiste van omtrent vyff voet
een fuyren gefarffde spynde
een fuyren tafel
een fuyren slaepbanck
twee losse bancken voor die bedsteden
drie stoelen
een gefarffde schuttelbanck

-13-
een mangelstock en mangelbordt
een houten mostermolen
een kesbordt
een gefarffde rieohel
negen roode tafelborden
een vischvat
Dan is der noch yn it bûthûs:
2 spinwielen
3 haspels.
It is dus wol hwat soberder as de earste yrnboel; gjin trisoir
en mar trije stuollen. In mangelstock en board wie der hast
altiid.
Wy wolle nou ck noch ris de oare kant út en ek in fornamer
hôs bisjen. Wy sille dêrfoar nou ris in hûs yn de stêd
nimme. En nou is it wol acrdich dêrfoar ris it hûs fan in
bikende man út to sykjen, hwer't wy foar nimme sille in
omkesizzer fan Greate Pier dy't yn 1560 to Boalsert stoar.
Dizze omkesizzer wie Pybe Anne zn, de soan fan Anne of
Aene Pybes, dy't mei de suster Thieth fan Pier troud wie.
Dy nammen komme allegear foar yn it testamint fan Fokel
Gerloffs de mem fan Greate Pier fan 1525 1). Hja neamt yn
dat testamint ek noch dizze Pybe en seit dêr fan dat hja him
leare litte moatte "datter in goed man wirde mei".
Nou hy sil wol "leard" hawwe hwant by syn stjeixen wie er
rintmaster fan Boalsert. Dat blykt út de ynvintaris fan 29
April 1560; dêrby komt by de Brieven en Instrumenten: "In
den yrsten den rekeninge van zijn administratie die ihij over
des stadts Boelswarts gueden gehat heeft in anno neghen
ende vyftich metten cedullen dair to dienend in een does
tsaemen". En dan "noch een cleyn does wair inne gesloeten
zijn die cedullen van den vytgave by Pybe voerscr. van stadts
weghes gedaen in anno sestich".
Yn dizze ynvintaris wienen dan de fornaemste meubelstik-
ken: "Twee kisten, twee trisoeren, noch een groen trisoer, een
sitten, een slaepbanck, ses groene tralyde stoelen, soeven
----------
l) Sjoch dit testamint yn de Oudfriesche Oorkonden fan Sipma, Dl II
N 322. Oer dizze famylje stiet ek noch hwat yn it artikel "Noch eat oer
Greate Pier en syn geslacht" yn it Frysk Jierboek 1943.


-14-
deventer stoelen gander tralyen, een besloeten stoel, twee
hoepte mans trijfoeten, vier vrouwe stoelen, drie driestallen,
twee kyndere stoelen, twee groene ronde tafelen, twee lange
tafelen, een langhe voetbanck voirt bedt, een langh holten
sittelbanck, noch een cleyn oldt stoell, een coerts 1), noch een
olde langhe tafel, een spiegel, drie spinwielen". Dan neame
we noch as fan minder bitsjutting: twaeleff roede ronde tafel-
borden, thien olde, een glansstock, vier witte houten patelen,
een roedt houten pateel, een baeckermat, een kyndermat, een
luermandt. Dit wie dus aerdich royael mei dy 3 trisoeren e.s.f.
Wy moatte sizze dat dizze Pybe Annes der, lykas in bulte
stêdlju yn dy tiid, ek boer by wie; hy hie tsien melkkij en dêr
ek hokkelingen, keallen en skiep by. Fierder hat er bihalven
turf ek dompen as "barningh".
1) Nei wierskyn: koets (losse yn 'e keamer steande bedstede)

IV. BEDDEN, BEDGUOD, LINNEN, KLEAN      >> begin
Bedguod en linnen wie de spesialiteit fan dy tiden:
neat dat sa goed yn oarder wie. De bêdden leinen meast op
bedsteden, mar der wienen, sa as wy seagen, ek sliepbanken
en stâlbêdden (net in bêd yn it bûthús, mar in bêd op poaten
of ledikant: forgelykje de "driestallen" sa pas neamd) en by
fornamere lju wie der inkeld ris een "koets". En yn de widze
sil fansels ek in bêdtsje lein hawwe; dan wienen der noch de
"glûpen" dy't foar widze mar ek foar bernewein brûkt waer-
den. It sille meast fearen bêdden west hawwe; ik soe dit
hast út de priis ôfliede, ek is er noch al ris hwat fear yn in
ynvintaris. Der wienen faek noch al frij hwat bêdden; ik
haw boerehúshâldingen foun mei 10 en 12 bêdden; it greatste
oantal dat ik foun haw wie 23 yn it slot to Boarnwert yn 1615.
By de bêdden wie ek faek in bedstok, dy't brûkt waerd by
it bêdopmeitsjen: men koe net om in bedsté hinne rinne. Dan
wienen der ek noch al ris "bedmessen", meast by pearen; ik
tink dat dat koarte stokjes wienen mei in punt op it iene ein;
ik haw ienkear foun: "2 cleyne stockskes voor bedden te
steken" (der wienen yn de earste tiid gjin bedsplanken foar de
bêdden; holkessens, meast "indertogen" neamd wienen der

-15-
nei forhâlding; soms ek wol ris "buyckkussens". De kessen-
slopen hjitten faek "uytertogen". Lekkens wienen der ek yn
oerfloed, maf nei forhâlding hwat minder tekkens. Yn 1567
foun ik in boer to Stiens dy't 8 bêdden hie, 25 holkessens,
34 kessenslopen, 13 tekkens, 25 stuol- en bankkessens, 53
slieplekkens, 14 tafellekkens, 3 deiske handoeken en 22 ser-
vetten.
Dy bulte stuolkessens en dy servetten liket miskien hwat
frjemd, mar der moat bitocht wurde dat de stuollen faek hou-
ten sittingen hienen en dat hja gjin itensfoarken hienen. By
foarname lju hienen hja de servetten yn de hûnderten. It
greatste tal stuolkessens dat ik earne foun wie by in tapper
to Mitselwier, dy't 57 hie yn 1648.
Foar de kjeld hienen hja yn 'e winter bedstoven, dy't
ûnder allerhande nammen yn de ynvintarissen foarkomme.
Meast hjitte hja juffer sa as "warmjuffer", "een juffer met een
ijser" of "bedstoef". It sil wol meast in izeren bout west ha,
dy't yn it fjûr hjit makke waerd en dan yn in houten húl
stutsen. Ienkear waerd der ek sprutsen fan "een rijsen koe
int bed".
Wy komme nou op de klean. Wy wollle bigjinne mei de
manljusklean en dêrfoar earst dy klean oerskriuwe
út de ynvintaris fan in boer, mei 18 kij, to Grou yn 1619.
Dit tal kij is efkes boppe it gemiddelde fan Fryslân út dy tiid,
sa kinne de klean ek wol effen boppe it normale wêze. Wy
krije dan:
10 neusdoecken
16 manshemden
1 mantel
een swart wambes met een broeck ende een paer laec-
kens stametten hoosen
noch een swart daechs wambes ende broeck
een blauw onderbroeck met noch 2 paer hosen
een pack vuilemorten 1) overcleeren
2 hemdrocken, een voerdt ende een ongevoerdt
een leern daechs lyffke over de hemdrock te dragen
----------
1) Dit jowt eigentlik de kleur oan: feuilles mortes (deade blêdden), mar
gewoanlik wurdt der ek in bipaelde stoffe mei bidoeld.


-16-
een blau lakens pij
een paer slyckvangers
2 paer schoen
1 paer toffels
2 hoeden
een oldt linnen broeck met een olde rode hemdrock
Dizze opjefte is moai dúdlik; de folchoarder fan dragen is dus:
hemd, hemdrock, wambes of lyffke, overcleeren, pij of mantel.
Dit is al aerdich boppe it eardere út de 16e ieu. Doe hienen
hja yn de earste tiid gjin broek, mar in "paar boksen" en doe
hienen hja ek noch net "een pack cleeren".
Wol hie dizze man noch hoazzen fan lekken en noch gjin
breidene hoazzen; stamet is in grou soarte fan lekken. De
hoazzen waerden yn dy tiid troch de skroar makke. It liket
wol dat de breidene hoazzen earst hjir út Noarwein kamen.
Foar dy tiid waerden er sa nou en dan nije fuotlingen yn 'e
hoazzen set. De himden wienen fan linnen, it oare klean-
spul meast fan wol. Klompen hienen hja noch net; dy kamen
hjir earst om 1700 hinne. Ek wienen der gjin petten, altiid
huodden en in hiel inkelde kear in mûtse. Foar de weesjon-
ges wurde der iderkear mar wer nije huodden koft.
Mar oer dy "boksen" moat noch hwat sein wurde. "Een paer
bocxen" stiet er yn 'e earste tiid iderkear; dat sille oarspron-
kelik dochs ek wol twa aparte dingen west ihawwe, dy't let-
ter togearre de broek foarmen. Yn 1574 foun ik foar it earst
de broek neamd, de boksen foar it lêst in 1620. Yn dy tus-
kentiid hienen hja dus likegoed "een paer bocxen" as in broek.
Of it yn dy tuskentiid noch forskillende saken wienen? As der
stiet "een swart laeckens bocxen", dan sil it dochs itselde
wêze as in broek. Yn Grinzerlân is de namme "boksen" bi-
stean bleaun foar broek, mar nou is it boksem wurden.
Yn it Ingelsk is it wurd foar broek: trousers ek noch
meartal; "a pair of trousers" bistiet der ek noch.
De klean fan de deftige lju wienen noch wol
hwat moaijer as dy fan dizze Grouster boer. Dy fan Pybe
boppeneamd wienen al frij hwat moaijer, mar folsleiner fine
we se yn de ynvintaris fan in Rollema to Snits 1585.
Wy skriuwe in pear dingen út de ynvintaris fan dizze Wybe
Aggezn oer: 2 purperen broecken deene met golden spiege-

-17-
lie 1) ende d'andere met blauwe zijde ende silvere coorde,
een groene pickeerde broeck, een lederen wamboys, 2 asch-
ferffde hoeden d'eene met een bandt van peerlen end
d'ander gemaeckt van parijs werck, een pickeert geel linnen
wamboys, een roede mantel met groene coorde beset, een
purper mantel met witte coorde, een paer saietten hoesen, 2
buffels kolders. Fierder wurde neamd "3 fijne tapete kussens
met Rollema wapen".
Wy krije nou de frouljus klean en brûke dêrfoar de
ynvintaris fan in boerinne to Kollum fan 1650. Wy lêze dêr:
"Twee swart laeckens rocken, een rood stametten rock, een
swart fifschaften schort, een blau sayen schort, drie over-
lyven, namelijck twee swarte en een sangen, 4 paer mouwen,
een swart stametten borstrock, 14 schorteldoecken, vier wol-
len kraegen, sestien hemden, thien halsdoecken, noch een,
vyfthien vriesche mutsen, ses Groninger ondermutsen,
neegen slaepmutsen, vijff hoofdoecken, seeven noesdoecken,
een paer swarte met een paer carmosynen brevde hoosen, een
paer roode breyde hanschoenen, twee roode ondermutsen."
Dan wienen der dizze "cleynodien":
"sulveren ketten kaysell ende coocker, een sulveren onderriem,
een sulveren pottefraes, schorthaeck, fingerhoet, ooryser met
vier sulveren spelden, een sulveren kettentie met een sul-
veren haeck, een golden ringh, een swart laeckens hoyck,
een sulveren pijp aen een riefveeter, twee sulveren hechte
messen, een task met een sulveren ketten ende cnoop".
Wy kinne hjir by oanmerke dat der by de klean ek noch wol
ris oer it lyfke hinne in "bouven" of in "huyck" droegen
waerd. De froulju hienen meast net folle hoazzen, hjir wienen
2 pear, mar soms is der neat. Wy moatte wol oannimme dat
de froulju faek op bleate fuotten yn de skuon en toffels rou-
nen. Dat der yn dizze ynvintaris gjin toffels en skuon wienen
sil in flater of in bisûnder tafal west hawwe: in minske mei
safolle sulverguod koe der net sûnder west ha. Hwat "potte-
fraes" is wit ik net (porte-frase of fraise?).
Hjir wie dus in sulveren earizer; it earste dat ik
foun op it boerelân wie yn 1635. Yn 'e stêdden sille hja wol
----------
1) Spiegelie of speltwerk is kantwurk.


-18-
hwat earder west ha; to Grins wie er ien yn 1631, mar de
stêdden haw ik net sa goed ôfsocht. Yn elts gefal wie de
"sylveren vergulden plettede huyve" dy't ik yn 1585 to Ljou-
wert foun, der tige ticht by. It earste gouden earizer dat ik
oantrof wie by in adelike dame to Jelsum yn 1659. In noch
al faek foarkommend sieraed yn de Roomske tiid wienen de
kralen bidsnoeren, in "fyftich" neamd, mei sulveren "tekens"
deir tusken yn.
Nou't wy mei de klean dwaende binne soe it wol nijsgjirrich
wêze ek ris effen to sjen nei de winkels dêr't de klean
of de klaeijingstof forkoft waerd. Dan fait ús op hwat in great
plak de ynvintarissen fan dv winkellju yn de boeken ynnimme
eai hoefolle "inschulden", d.i. foarderingen op keapers dy't
noch net bitelle hawwe der yn it boek stean. Yn it algemien
wienen de minsken doe net sa fluch mei biteljen, mar by de
tekstyl-winkels wie dat al heel slim. Wy sille in pear foar-
bylden jaen.
Foarearst in winkel to Frjentsjer yn 1623 fan Sytze Johannis
zn. Werstins. Dêr stean 35 greate bledsiden fol mei dy
"inschulden", dat sil goed 500 posten bitsjutte. Der binne
posten by dy't oer de 1000 goune komme. En it fait op hoe-
folle eallju der by binne; dy wennen dêr noch al frij hwat yn
'e stêd of der omhinne. jonkers en juffers. Der wienen Het-
tingha's, Waltinga's, Ockinga's e.s.f. De greatste skuldner
wie Jr. Hessel Raes de Veruouv, grytman fan Frjentsjeradiel,
dy't 1697-4-0 c.g. skuldich wie. Mar it moaiste is dat der ek
noch in list fan obligaesjes is dêr't oerbleaune skulden yn
stean dêr't rinte fan bitelle wurde moat. Dêryn stean dizze
grytman mei syn frou Juffr. Siouck van Ockinga togearre
ek mei noch 2000 c.g. en 500 g.g. skuld. Dat wurdt yn totael
hast 4400 c.g. Dy moaije klean namen dus wol hwat: de
earste helt fan de 17e ieu stiet dan ek bikend as in tige fleu-
rige tiid.
De grytman fan Menaldumadiel Tyerck van Heerma docht
it foar hwat minder; dy stiet yn it boek foar 506-9-10 c.g.
De oare winkelsaek dy't wy nimme is to Kollum yn 1629.
Der wienen net sokke foarname lju ûnder de debiteurs, mar
de skulden wienen net folle minder. Under Kollum stean 281
posten biskreaun, hwerby ien skuld fan 740 goune; ûnder

-19-
Bûrum stean 56 posten, ûnder Augustinusgea 84, hwerby ien
skuld fan 734-15-0, ûnder Bûtenpost stean 75 posten, ûnder
Gerkeskleaster 102 en ûnder Sweach 44. Meiinoar wienen dit
642 posten. En dan wienen der ek noch obligaesjes mei for-
stjurre skulden. Ik wol der my net oan weagje út to rekken-
jen mei hoefolle jild fan nou dat oerienkomme soe, mar dat
soe raer yn de papieren rinne.

V. ITEN EN DRINKEN.      >> begin
Foar de allerearste tiid fan ús tiidrek, it bigjin fan de 16e ieu,
witte wy wol hwat oangeande dizze saken fan it Hasker
Konvint
. Fan dit kleaster is in rekkenboek oerbleaun dat
yn syn útjeften wol hwat seit oer it troch-en-deiske libben.
Fan it fleis dat hja dêr ite fornimme wy net safolle omdat se
seis fan har eigen bisten slachtsje. Mar wol sjogge wy dat
hja farsk fleis keapje yn de tiden fan it litten ta forsterking.
De minsken ieten yn dy tiid oars net safolle farsk fleis, omdat
der gjin slachters wienen dy't dat sa daegliks leverje koenen.
Yn dy tiden fan it litten koften hja ek wiggen; dat barde ek
mei de fornaemste hillige dagen. Oars ieten hja ek wer hwat
hja seis bakten. Dit selsbakken dienen gewoane minsken doe
ek noch faek.
Ek sjogge wy dat hja in bulte fisk ieten; allerhande fisk
wurdt neamd. Faek stiet der: "pro piscibus recentibus"
(foar farske fisk) safolle útjown; dat sil dan wol meast swiet-
west hawwe. Dêr wienen hja yn dy tiid net sa
bang foar as tsjinwurdich faek. Mar der wurdt ek skol, kabel-
jau, tong en iel koft; ek wurdt sprutsen fan droege fisk en fan
fetten bokking. Pro piscibus marinis (foar séfisk) kin fansels
fan alles wêze. It drinken wie meast bier mar hja koften it
net safolle omdat hja seis brouden.
Wy wolle nou ek noch hwat sizze oer it kleaster Aldle-
kleaster
; dit giet oer de tiid tusken 1570 en '80. It for-
skil mei it foarige is net sa great. Der wurdt hwat mear wyn
brûkt as by it oare kleaster en ek in inkele kear brandewyn.
Der wurdt b.g. brandewyn koft as de priorinne fan Nijekleas-
ter op bisyk komt. Fierder wurdt er mear fan weitenbrea en
bollen sprutsen as fan wiggen. Dan fornimme we dat de abbet

-20-
noch al ris in hazze, kapoenen of in swan present kriget. Fier-
der wurde der moksels koft en ienkear brúnfisk. Brúnfisken
en séhounen waerden yn dy tiid mear iten. Boeren út de
Dongeradielen moasten by de hier oan it kleaster Syon wol
ris jiers in séhoun leverje. Dy sille dus ek miskien wol fan de
boeren seis iten wêze.
Wy moatte nou hwat fan de minsken oer it alge-
mien
sizze. It middeisiten bistie bihalven út fleis, spek of
fisk út earten, beannen, grôt, moalkost en brij. It fleis en
spek wie mear droege of rikke as út de pikel wei; fisk waerd
ek in bulte iten: hast elts hie in fiskamer. De griente wie meast
wuortels, rapen, koal en "pinksternagels" (pastinaak); mar de
measten krigen net folle dêrfan. De griente wie it swakke
punt fan it âlde menu. Ierapels wienen er noch net.
It kâld iten wie hast allinne swart roggebrea mei bûter of
smoar en tsiis; fan it lêste 3 soarten: sutmistsiis, grouwe en
skieppetsiis (mar dy wie der net altiid). Bolleguod fan weiten
moal wie mear foar de feestdagen en foar bigraffenissen. It
roggebrea wie der yn 3 greatten: heel, heal, en oardeheal.
De namme "healbrea" is der noch fan oerbleaun.
Earme lju krigen net altyd brea fan kleare rogge, dêr kaem
ek wol ris koarnmoal of beanmoal troch. Yn 'e winkels wie
ek in bulte twiebak yn túnnen mar ik tink dat dêr ek frijhwat
fan mei de sélju fuortgong. Koeke wie der ek wol, in bult
dimter koeke, mar ek wol dy't hjir bakt waerd. To Snits wie
yn 1666 in bakker dy't frijhwat koeke nei bûten de provinsje
fuort stjûrde; der wurde neamd û.o.: Amsterdam, Alkmaer,
Inkhuzen, Hoarn en Kampen. Speserijen waerden in protte
brûkt, mostermolens wienen algemien. Sûker wie er hast net,
wol sjerp en huning.
Nou it drinken. Thé en koffy wie der noch net, dêrfoar
hienen hja bier, of wetter fansels, mar dat wie net sa bêst.
De bakken wienen meast lyts en de túnnen noch lytser en
it brune "tekwetter" wie ek net lekker. Dan waerd der noch
al folle sûpe en waei dronken; molke hast net.
Mar by alle bisûndere gelegenheden waerd bier dronken en
as der arbeiders kamen foar in sjoutsje moast der ek bier
wêze.
Yn 'e herbergen koe aerdich hwat bier wei wurde. Sa yn

-21-
de oantekcningen fan in kastelein yn 1590: "op heeden den
20 April heft Tienken Gerbrants tot mynent vertert ses kan-
nen bier bi dat ionck folck". Nou is in kanne of omkanne
= 2 healkanne = 4 mingels. Dus dit soe 24 mingels bier west
hawwe. Noch slimmer makke it "dronkene Klaes" yn 1596:
"Item opten eerste Januaris feertien half kannen bier foer
droncken Claes".
Fan it bier komme wy maklik op de tabak. Yn de 17e ieu
waerd der al in bulte rookt. Yn 1624 wienen der yn in winkel
to Boalsert 350 tabakspipen en in rôlle tabak dy't op 37
gounc steld waerd. Mar ek yn de doarpswinkels wienen pipen
en tabak en yn 1645 ek al tabaksdoazen.
As hwat weelde kinne wy ek biskôgje de prommen, figen,
rezinen en krinten yn de winkels. Yn 1584 wienen er yn in
winkel to Snits al 12000 greate nuten en rikelik ½ túnne
hazzenuten. Fan setroenen en sinesappels blykt net. Wy
wolle hjir noch ris effen útskriuwe hwat er al sa helle waerd
as men in fornaem man op bisyk krige. Yn it tsjerkerekken-
boek fan Wurdum. Dl. I fynt men op s. 102 (1572): "Op
sinte Johannes avont den bischop sanderdaechs tonsent
comende 23 pond vijn vleys betaelt 34½ st.
1 farndel van een mestkalf 7 st.
een ham van 11 pond 22st.
5 pond van een varndel roockt fleys 7 st. 1 oortien
1 tongue 1½
Bocke Tonis den bischop uitgeleyt
hem weder betaelt an scapen kesen ende ander goet 21 st.
½ kanne wijn voor bischop gehaelt 7st.
voor brood en botter tot pastoors huys 1 flor. 6½ st-
een lam geslacht 20 st.
1 lam halen 3 st.
Ons geinviteert om bij hem te komen tot prince huis 5 st."
De lêste post is net dúdlik; is it in foai oan de tsjinner fan de
biskop, dy't de útnoadiging oerbringt?
Men soe sizze as dit in bisyk fan ien dei is dan kinne der
noch al hwat lju mei iten hawwe. Fansels wienen der 2 tsjerk-
foogden en de pastoar, mar de biskop kin ek noch hwat ge-
rolch meinommen hawwe. Mar dan is dy ½ kanne wyn wer
hwat skriel.

-22-
Wy sjogge dat it kostelikc iten doe to minsten noch net djûr
wie.
Foar koaitsjen en 'brieden is ek branje nedich; hwat hie-
nen hja yn dy tiid foar branning? Der wienen 3 soarten: turf,
dompen en hout. Yn 'e stêd wie it meast turf en hout; by de
boeren op de klaei meast dompen mei in lyts bytsje fan it
oare. Dompen wienen turven út de opdroege dong (earst út-
spraet) stutsen. Noch fier yn de 18e ieu waerden dy noch wol
brûkt 1), de âlde namme wie diden of dij, sadwaende hjitte in
heap fan sokke dompen op it hiem steande "dijdcloot" of
"didloot". It hout waerd folle as talhout forkoft mar ek wol
as takken brûkt. As middel om turf to forfangen wienen der
ek út de wâldstreken "sudden" of seaden.
De forljochting sil net better west ha as de forwaer-
ming. It gong meast mei kersen, der wurde wol gauris blaec-
kers en ek wol ris in kandler neamd. Yn 'e stêdden binne dy
mear; dêr is ek wol ris b.g. "3 iseren knapen ofte staande
candelaars" of "yseren hangende candelaer". In lampe is tige
seldsum.

VI. SPORT, BOARTSJEN, WAPENS      >> begin
Oer it reedriden, tsjinwurdich ien fan de fornaemste
sporten fine wy net folle. As wy mear as ien pear redens
(paer reden of schoefflingen neamd) yn in ynvintaris fine,
is it hast hwat bisûnders. Dirck Jans, de Bildtboer út it bigiin
fan de 17e ieu praet er net oer. Wol hat er it oer in stringe
winter fan 1621 doe't er in bult weinen en sliden op it iis
kamen. Dermei gounen hja oer iis nei Hollân ta. To Harns
waerd sein, dat der op "Lefrou" 1300 sliden op it iis west
hienen. Der stienen 11 tinten op it iis dêr hja bier en wyn
dronken. Dit oantal is faeks hwat forgreate mar der blykt
dochs út dat oan de sport fan it riden mei hynstesliden doe
wol dien waerd.
In oare belangrike sport is it keatsen, Dêr fine wy ek
wol spoaren fan út dy tiden. Yn 'e winkels wienen heel hwat
----------
1) Noch yn de 20e ieu op it Amelân; de froulju dy't de piasters fan it lân
helle hienen wisten my to fortellen dat se mear warmte joegen as turf.


-23-
ballen. Yn in winkel to Frjentsjer wienen yn 1591 al 100
greate en 300 lytse ballen. Frjentsjer skynde doe al in sintrum
fan de keatssport to wêzen; in terrein bûten de poarte nei it
easten ta wie doe keatsfjild.
Yn 1645 wie er in winkel op 't Hearrenfean mei 200 greate
en 370 lytse ballen 1). Hoe it keatsen tagoun is net sa krekt
bikend, mar it opslaen skynt tominsten oars goun to wêzen
as nou. Hja hienen in bakje mei in skean deksel, hwerop hja
de bal falle lieten dy't dan yn 'e flecht foartslein waerd. Sa'n
bakje hjitte "keats". Sa is ek to forklearren dat it plak dêr't
hja wei opslaen. noch "stuit" neamd wurdt.
Sa wurdt ús ek it keatsen yn it Fryske Sealterlân yn Olden-
burg likernôch biskreaun. De Belzen dienen it sa noch wol
mei har "tamis" (teams). Dan sloegen hja hjir doe mei in
soarte fan raket dy't keatsbalger hjitte. Dy koe ek wol ris
as wapen brûkt wurde. Yn 1536 kaem der to Ljouwert noch
in rjochtsaek foar it Hof, omdat ien in oarenien mei in bile
deaslein hie, dy't fan dy oare oanfallen wie mei in "keats-
balger" dy't op syn holle stikken slein wie.
It keatsen wie, tominsten yn oare streken, foaral in spul foar
de fornamere lju. Hja dienen it ek faek op oerdutsen banen;
sa wurdt der hjir ek noch al ris oer in "Keatsbaen" yn pleats
fan keatsfjild sprutsen. Sa waerd der ienkear ris in hûs to
Wûns yn 'e buorren forkoft, hwerfan de neistleger nei it
easten ta de "kaetsbaen" wie (1663).
Letter kaem it kolvjen mear yn 'e moade. Ek hjir yn
Fryslân kamen kolfbanen. Sa lêze wy fan twa boeresoannen
fan Dronryp, de iene yn it boerefak, de oare op de rektors-
skoalle to Frjentsjer, dy't beide fan har foogd in kolf presint
krije. Mei dizze lêste beide spullen komt wol hwat oerien it
"clootschieten" dat foar in âld Frysk spul trochgiet. Dat it
hjir yn dizze tiid ek wol barde blykt út it feit dat it sa nou en
dan yn in stêd wol ris forbean wurdt. Sa as to Ljouwert yn
1611 "bij tromslag".
Twa sporten, dy't hast fansels bioefene waerden wienen it
----------
1) Mar dit wie in man dy't mei in kreamme de merken ôfreizge; hy hie ek
11 earizers.


-24-
silen en hynsteriden; de praktyk brocht har der
wol ta. Ien fan de foogden fan de jonges fan de Ryp, dy't in
kolf koft, gong yn Aug. 1602 mei dy jonge nei de Wyldemerk,
om in rydhynder foar him to keapjen "op grote aenstaen van
Jacob Harckes", hwat in reis wie fan Snein oan Tongersdei
ta. Hja kamen werom mei in brune run foar 40 daelders mei
6 sturen "wyncoop".
Yn in ynvintaris fynt men noch al gau ris seal en spoaren.
De boeren gean faek to peerde nei de wykmerk. Yn 1555 en
ek wer yn 1576 komt der in rjochtsaek út foart. Beide kearen
komme der twa boeren fan de Snitser wykmerk. Hja krije
rúzje, hwerby earst in ryske brûkt wurdt, mar dan de iene in
"opsteker of broetmes" lukt.
It boartsjen fan 'e bern fornimme wy net sa folle
fan, allinne út de ynvintarissen kinne wy hwat opmeitsje.
De ballen út de winkels sille ek wol foar in part foar de
bern ornearre west ha. Fierder fait op dat de bern hast alles
fan de greate minsken ek yn it lyts hawwe. Wy treffe oan in
poppe-skûtelbank, mei tinnen skûteltsjes, poppe-stuollen, ja
seis in poppe-teams. Dan sille hja de poppen seis dochs ek
wol hawn hawwe. Ek wie der wol it ien en oar foar hele
lytse bern sa as de rinkelbel. Foar de greateren wie er dan
wer it ganzeboerd. De noch wer greateren hienen dam- en
skaekboerd, it lêste mear as it earste. Mar mear komme yn de
ynvintarissen foar triktrak- en farkearboerd. It earste hjitte doe
"ticktackbord", ek lêze wy wol ris "dobbelet bord". In man
dy't mei in kreamme reisde hie ek to keap "spoelcaerten ofte
troeffspellen" (1562). Alles dat kansspul wie foei tige yn 'e
smaek. Seis in prelaet as de abbet fan Aldekleaster skriuwt
yn syn boek "noch 30 st. verwaecht in een lotterij te Leeu-
warden op borden ofte tafferelen". Dat sil wol in soarte fan
"rollebol" west ha, sa as it yn ús tiid op 'e merke hjitte.
Dizze leafhabberij foar it dobbeljen hienen sa as ús
forteld wurdt de aide Germanen ek al dy't wiif en bern for-
dobbelen. Har neigeslacht stelde soms in frjemde forkeaperij
út, dy't der wol hwat fan hie. Hja forkoften dan in bist foar
in bipaelde priis. Mar dy priis soe heel hwat oars wêze as b.g.
wiif of bern fan de forkeaper op in bipaelde dei net mear libbe.

-25-
Der kaem al ris in oanslach om ien to forjaen út foart
(1588) 1)
Ta de mear geastelike sport heart it hâlden fan
sjongfûgels en muzykynstruminten. Yn de ynvintarissen fine
wy neamd kuorren mei ljurken, finken en kanarjes.
As muzykynstruminten wurde neamd; noardske balke, siter,
klavesimbel, harpe, mûlharpe, fioele. Yn forskate tsjerken wie
al in oargel. Derop waerd foar en nei de tsjinst spile en ek
wol ris op oare dagen. To Dokkum waerd yn 1615 in man
bineamd foar klokkespul en oargelspyljen beide. Op de wyk-
merkedei, Tongersdei, moast it klokkespul in ûre lang spylje.
Letter kamen hjir 2 aparte persoanen foar.
Wy moatte nou noch hwat sizze oer de wapens dy't hja
hienen. Wy fine dy opjown by de munsteringen dy't nou en
dan foarskreaun waerden om it folk warber to hâlden, mar
ek wol by de gewoane ynvintarisaesjes. Foaral yn de stêdden
wienen hja aerdich forsjoen. Sa to Snits yn 1560 "een har-
nasch met een holten cas, een rinckoller, een slachsweert, een
degen, een roer" en by in oaren ien ek to Snits "harnasch met
2 armschenen, haeckbos, roer, degen, rinckoller, speets".
Oars wie der yn dizze tiid ek noch wol ris in bôge yn pleats
fan in roer. Sa yn 1573 "stalen boecg met een wijnas ende
drije pijlen" of yn 1587 "een stalen booge met een wijttas
ende vier bolten". De skutters sille yn 'e earste tiid mei in
bôge wapene west hawwe en dêr mei op de pappegaei sket-
ten. Yn 'e stêdden of dêrby wie in Doele dêr't hja byienkamen
kamen meast yn de stêdden, mar dochs ek wol op it platte lân.
Der waerd sketten op in doel, wol in houten pappegaei, mei as
wikselpriis in sulveren.
Oer de wapenfordieling ûnder it folk wurde wy ynljochte
troch de munsteringen. Wy fine sa'n list b.g. fan de
wapens yn it bisit fan de ynwenners fan Frjenstjeradiel yn
1590. Wy nimme derút it lytse doarp Hitsum, mei 12 stimmen
en yn 1622 mei 17 húsgezinnen. Yn 1590 komme dêrút by
de munstering 16 persoanen op mei hwat, de 17e, Pyter Jays,
skroar, waerd "dorch zijn armoe ende kleynheyt" ûntskul-
dige. Fan dy 16 hienen 4 "een roer met sydgeweer", 2 "een
slachsweert met harnas en sydgeweer" 1 "een speets, sydge-
----------
1) Stim fan Fryslân, 22 Maert 1940.


-26-
weer ende een stalen "kraeg", 4 "een feerjager met sydge-
weer", 5 allinne "een feerjager".
Hwat is in feerjager? Dat skynde neat oars to wezen as in
lange stôk, miskien mei in punt, dy't sa neamd waerd omdat
hja de fûgels dêr mei fuortjagen. Hy waerd ek wol ferjager
neamd. Wy komme ta dizze konkluzje troch in oantekening
fan Wurdum yn 1610. Dêr waerden doe 25 feerjagers oan-
koft "daer den armen luyden hebben ontfangen doen zij den
fiant solden keren". Dêrfoar waerden 25 katravens (latten)
koft foar 2 goudg. 4 st. dy't fan 2 persoanen biskave waer-
den. Der waerd noch ien foar 14 st. by koft. Oft de fijan dêr
tige bang foar west hawwe soe?
Der bistiet noch in list fan de wapens fan Hitsum fan 1673.
Der blykt dan to wêzen: 9 kear in roer, 3 kear: in roer en in
degen, 1 kear in musquet en 1 kear in pyck en in degen. Der
binne dus nou 14 man yn pleats fan 16, mar de wapens binne
wol hwat foarútgoun.
Dat geastlike forsoarging by dat spul ek net altiid ûntbriek
blykt út in wapenskôging to Blija yn 1578; der wie doe by
"den pastoer als gecoren feltpaep van Ferwerderadeel.

VII. SKOALLE, UNTWIKKELING, KULTUER      >> begin
Yn de 2e helt fan de 16e ieu sille der op de measte doarpen
wol skoalmasters west hawwe. Hja stienen yn tsjinst
fan de tsjerke en wienen der meast ek koster by, hja moasten
ek op it ûrwurk fan de toer passe en de klok liede. Mar yn
de winter wienen de wegen smoarch en simmers wie der foar
de greatere bern wol hwat to dwaen en hie de master syn
wurk mei de fingetiid, soms foar him seis, soms foar oare
boeren om der hwat by to fortsjinjen. Heel trou sille de bern
dus wol net de skoalle bisocht hawwe. Fierder wienen de
masters faken alhiel net foar har ambt geskikt en de learmid-
dels en methoaden lieten to winskjen oer. De resultaten wie-
nen dan ek net sa bêst; dat moat wol ús oardiel wêze as wy
sjogge hoefolle minsken doe har namme net sette koenen. Dit
jildt foar "gemeenteleden" mar ek wol foar tsjerkfoogden en
rekkeningen fan de tsjerkfoogden út letter tiid. Hja ûnderte-
kenje dan mei in "merk" omdat hja net skriuwe kinne.

-27-
earmfoogden. Wy sjogge dit yn it "Register fan de Geestelijke
Opkomsten van Oostergoo" fan 1580-1581, mar ek yn de
rekkeningen fan de tsjerkfoogden út letter tiid.
Foar weesbern wurdt geregeld jild útjown foar skoal-
pinningen, inket en pompier, mar it liket wol dat de bern dy
inket mear brûkten om mei to bargjen as foar hwat oars.
As yn 1534 Auck Pietersdr to Ljouwert in testamint makket
hwerby hja jild jowt om weesbern fan to ûnderhâlden giet
hja yn op it stoffelike en it geastelike. Hwat it earste oangiet:
it moat wêze de bern "de buickvol en met warme digte klede-
ren". De famkes moatte hawwe "pels, rok, hoos en schoenen,
geen kostelijk laken van Deventer"; as hja fuortgean krije hja
mei "3 hemden, 3 schorteldoecken, 3 halsdoeken, een kraag,
een huif". De "knechten" krije wambuis en broek. De famkes
(oer de jonges wurdt yn dit forban net praet) moatte spinnen,
naeijen, breidzjen, waskjen en skûrjen leare en "laetense dog
niet over straat lopen, holler een goede scherpe roede bij".
Dan moatte de bern nei skoalle ta "om die geboden Gods, dat
geloof en dat Vader onze te leren en schrijven, die daar-
toe geschikt zijn
". Hjir wurdt dus ek oannomd, dat
skriuwen in kunst is, dy't elts sa mar net leare kin. Oer rek-
kenjen wurdt alhiel net praet. Dit wie yn de Roomske tiid,
mar yn de Grifformearde tiid bliuwt op de skoalle gods-
tsjinst en fragelearen it fornaemste, en psalmsjongen dan.
Ut de tsjerkerekkenboeken blykt dat hja noch al ris hwat
muoite hienen om dy weesbern to plak to krijen. Wy lêze ek
al ris dat de skoalmaster mei in weesjonge by de boeren
roungiet om to freegjen hwa't him brûke kin; hy krijt der 8
stûren foar fan de tsjerkfoogden.
Ta de ûntwikkeling, sa't wy dy opfetsje, koe de
skoalle dus net al to folle bydrage; it wie al aerdich as hja
hwat lêzen learden (mei forskillende soarten fan letters) en
har nammen bihoarlik sette koenen. Fansels, der wienen ge-
nôch dy't it fierder brochten. Dat wienen de doarpsrjochters
bg. dy't in brief oan de grytman skriuwe koenen en de tsjerk-
foogden dy't eigentlik it rekkenboek fan de tsjerke oanhâlde
moasten. Mar hja lieten dat ek faek troch de skoalmaster
dwaen en dy wie ek wol gauris doarpsrjochter.
Dan wienen der inkele boeren, dy't ús in "Memoriael" nei-

-28-
lieten, sa as Dirck Jans dy't al neamd is en ek Rienk fan
Hemmema fan Hitsum. Mar de earst neamde wie in man fan
bitsjutting op it Bildt, dy't in bilangrike rol spile by de
ûnienichheden tusken de Bildtmeijers en de Steaten en de oare
wie fan adel en hie sit op de Lansdei.
De ûntwikkeling wol men noch al ris ôfliede út de boeken
dy't de minsken bisitte. Dat wie by de Fryske boeren yn
dy tiid net folle. Yn de earste tiid soms neat, letter meast net
folle mear as in bibel, in testamint en in gesangboek. Dan
kaem der noch wol ris by in martelaersboek en in medisyn-
boek. Sokke as Dirok Jans sille der net folle west hawwe;
dy neamt seis de boeken op, dy't er bisiet: 44 boeken. Der
wienen kroniken, sang- en riedselboeken by, mar ek in hele
rige folksboeken sa as de histoarje fan it "ros beyierdt", fan
"Sandrien ende lantsloedt", fan "Mariken fan Nemwegen",
"den ridder metter swanen" en noch Ulespegel en Reintsje
de foks.
Mar dizze Bildtman sil de hollânske tael ek wol better for-
stien hawwe as de gewoane Fryske boeren.
By minsken, dy't hjir op in rektorskoalle goun hienen fynt men
lykwols wol ris hwat mear, hwerby ek latynske boeken.
Trouwens yn de 17e ieu kamen hjir ek noch al hwat wurken
fan Cats (Trouringh, Houlik) en fan Erasmus: Colloquia
(yn it Dútsk oerset) of Laus stultitiae.
Miskien is hjir wol op syn plak hwat út de boekefoarrie fan
de dichter Starter doe't er syn boekhandel to Frjentsjer sitte
liet. It fornaemste dêrfan wie:
89 vryse ordonantiën a 6 st.
16 profyt der vrouwen 0-12-0 (g.-st.-p.)
16 natuer der vrouwen 0-12-0
50 Amsterdamsche lietboeken 6-0-0
25 Haegsche lietboeken 2-10-0
12 riem a 20 Haerl. lietboeken 54-0-0
1000 cathechismus 32-0-0
5 Reyncke de vos 0-7-8
23 Stockmans reeckenboeken 10-7-0
De lieteboeken spylje hjir dus wol in greate rol, mear as men
yn de ynvintarissen sjocht. Se binne fêst troch it gebrûk
meast gau tonein rekke!

-29-
De opmerksume lêzer sil sjoen hawwe, dat der yn it opskrift
fan dit haedstikje in wurd mear stiet as yn it oerienkomstige
fan "De Fryske boerkerij en it boerelibben" fan 1937. Mar
yn dizze lyts 20 jier is heel hwat foroare. Doe koe men it
wurd kultuer hast noch net en nou praet men der oer
yn it lytste doarp. Meast sil it dan wol gean oer toaniel en
muzyk; der wolle wy nou ek hwat oer sizze foar dit tiidrek.
Oer toaniel binne wy gau útpraet. Wy witte dat der in rede-
rikerskeamer "Och mogt het rijsen" fan Starter en syn sel-
skip yn 1617 oprjochte wie. Mar dy hat net lang bistien; yn
1619 moast dy op oandringen fan de geastlikheit opheve
wurde en fierder is net foar 1700 mear oerlevere. Wy soene
allinne noch de fraech stelle wolle: kin it ek soks hwat west
hawwe as de abbet fan Aldekleaster it hat oer de rethorikers
fan Boalsert, dy't by him komme to nijjierwinskjen?
Fan muzyk en sjongen is hwat mear to sizzen, mar
it giet dochs wer meast oer de stêdden. 1) Fan Dokkum is op
dit gebiet yn it foarige haedstikje hwat sein, mar fan Ljou-
wert fornimme wy mear. Yn it lêst fan de 16e ieu kaem der
út Antwerpen wei Jacques Vredeman, dy't yn 1608 foarsjon-
ger waerd yn de Jacobiner tsjerke en muzyklearaer oan de
latynske skoalle. Dizze man die heel hwat foar it muzyklib-
ben to Ljouwert, foaral ek troch it oprjochtsjen fan in Colle-
gium Musicorum. Yn syn neilittenskip yn 1640 wienen noch
al hwat muzykynstruminten, lieteboeken en sjongmuzyk.
"In de beschaafde kringen van Leeuwarden" seit juffr. Vis-
scher, "vond zoowel de instrumentale, als de vocale muziek
haar beoefenaars." Dit blykt ek út de neilittenskippen fan
oare musici en in ynvintaris fan 1618 fan Pibo Gualtheri: sa
goed fan muzykboeken as fan instruminten. Noch greater
is de list fan 1640 "het college der musicanten toebehorende".
Mar de stêd die ek wol hwat foar de mannichte. It oargel yn
de tsjerke waerd ek wol as der gjin preek wie bispile; der
wie ek in carrillon yn de 17e ieu, dat dageliks bispile waerd
en dan it kloklieden en it wyske-bliezen fan de toerwachters!
Wy kinne foar de doarpen eigentlik neat fan soks hjir tsjin-
----------
1) De foarnaemste boarne hat hjir foar my west; R. Visscher "Iets over
het Muziekleven te Leeuwarden in het begin der 17e eeuw" (De Vrije
Fries XXVIII p. 17).


-30-
oerstelle. Der wurdt ek net sein, dat op de plakken hwer in
oargel is, op dat oargel buten de tsjinst spile vurdt. It
ienichste dat noch neamd wurde koe is yn 'e Roomske tiid it
tsjerkekoar, dat hja ûnderhâlde. Yn Boazum wurdt yn 1556
in sjonger bitelle, dy't geregeld mei yn it koar sjongt "over-
mits datter seer weinich sanghers zijn". Yn 1567 is der to
Achlum in organist, dy't ek bitelle wurdt as lieder fan it koar.
Bihalven toaniel en muzyk heart ek de skilderkunst
ta de kultuer; wy wolle noch effen hwat sizze oer itjinge dat
de ynvintarissen oan skilderijen opleverje. Eigentlik wurdt
der meast fan taferelen of taferielen sprutsen en wy witte
net altyd of it wol skilderijen binne. Alwer is nou de stêd
it lân in heel ein foarút. It is spitich dat nea de skilder fan in
stik neamd wurdt, mar allinne hwat it foarstelt; b.g. "de vier
evangalisten" of "een harder en een harderin". Binammen yn
Frjentsjer fine wy frijhwat fan dy "skilderijen of taferelen";
de ynfloed fan de Akademy? Sa tekene ik op yn Jan. 1653
ien ynvintaris mei 12 en ien mei 5 skilderijen, yn Maert fan
dat jier ien mei 4 en ien mei 6, yn April ien mei 21. It greatste
oantal foun ik yn 1681 by Jan Hessels Schouwenburgh, mar
dy wenne ek yn in stins, dy't er yn hier hie fan Doeke
Martena van Burmania. Dy hie "int groot sael" 20 skilde-
rijen, "in de middelcamer" 11, "in de Heerekamer" 8, "in de
Opcamer. 't schoon gesicht genaemd" 10, "in de stins" 4. Hwat
dit lêste noch foarstelt? Dan soe men by de skilderijen ek
noch rekkenje kinne "de Tafelwet met een ebben lijst", dy't
ek yn de hearekeamer wie.
Mar it sprekkends wie faeks wol de ynvintaris fan in bakker
yn 1651. Der wienen 20 skilderijen, hwerby û.o. Jacob en
Esau en Loths uytleydinge. Mar der wie ek in rekkentsje
by, hwerop stie: "foor Pitter Eekema backer gemackt 2
schilderijen, met ebben listen beloopen met een en ander
als schilderen, paneelen ende listen 35 guldens; Wikken
Kerckhoven."
Dy bakker hjit oars Pieter Dirks. Dit liket my dochs wol in
aerdich gefal: in bakker, dy't by in skilder in pear skilderijen
bistelt.
Yn 1572 fine wy noch in list mei 33 skilderijen, mei de tak-
searde prizen der by; de heechste prizen dêrby binne "2

-31-
groote seestucken met ebben listen" 30-0-0 en "een schilderij
met coperen plaet" 14-0-0; de goedkeapste is "een schilderij
van een scheepje" 1-11-0.
Yn Harns wie ek nochal hwat, mar it koe dochs net tsjin
Frjentsjer út. Mar yn Ljouwert sil it grif net minder west
hawwe; sa moatte wy wol oannimme as wy sjogge hwat dr
Straat seit oer de skilders, dy't dêr tahâldden en hwat hy yn
ynvintarissen foun. 1)
In stúdzje fan de meubels en it tin- en sulverwurk út de
ynvintarissen soe ek oer de kunstsin en dus oer de kultuer
fan it folk heel hwat sizze kinne, mar de namme allinne dy't
wy founen kin der net folle oan ta dwaen. Hwat dy stikken
seis, sa as dy nou meast yn museums biwarre wurde, oan in
kenner to sizzen hawwe, kin men b.g. sjen yn itjinge notaris
Ottema der oer skriuwt yn syn artikel "De Ambachtskunst
in het oude Leeuwarden" (Gedenkboek Leeuwarden 1435-
1935)

VIII. BISYK EN DER OP UT.      >> begin
Wy hearre hjir hast allinne fan de kosten, dy't it meibringt.
It bisyk kin wêze fan omrinders en soldaten, dy't hwat
hawwe moatte en fan gasten, dy't as freonen komme en ûnt-
helle wurde moatte. Fan it lêste hawwe wy al in pear kear
hwat fornomd, doe't de abbet fan Aldekleaster de priorinne
fan Nije Kleaster op bisite krige of de tsjerkfoogden fan
Wurdum de biskop fan Ljouwert.
Mar omrinders dy't in gave hawwe moasten wienen der mear
en dy kamen foaral oan by de kleasters en letter by de tsjerk-
foogden. Om mei it âldste to bigjinnen it Hasker Kon-
vint
jowt meast gjin bisûnderheden; hwat hja oan omrin-
ders jowe hjit "pro deo" en dêrmei út. Allinne as der b.g.
stiet "3 ren. aur. pro juvenibus pro ordinibus" witte wy dat
it foar jongelju is, dy't op reis gean om earne in geastlike
graed to biheljen. Hwat hja foar gasten útjowe sil tinkelik
----------
1) Sjoch H. L. Straat "Lambert Jacobsz. Schilder" (De Vrije Fries XXVII
p. 53). Ik kin fan Ljouwert net sa folle sizze omdat it Rjochterlik Archyf
fan dy stêd net op it Ryksarchyf is en dus net sa maklik to rieplachtsjen.


-32-
ek wol foar in diel as woldiedigens biskôge wurde moatte.
Aldekleaster jowt mear bisûnderhcden. Der komme
Sinte Marten sjongers, Nijjiersjongers, hwerby ek de rheto-
rikers, dy't al neamd binne en ek de "draeghers", hwat wol
turf- en korendragers fan Boalsert west hawwe sille, dy't
sa hwat stêdstsjinners wienen.
Op 14 Febr. (1579) komme der "sweertdansers", dan "hey-
dens of Egyptische tartaren", dan in harpenist of in "lazarus".
De jefte giet yn stûren fan 3 st. oan 18 st. ta.
En nou komme wy op de tsjerkfoogden, dy't ek de
earmen fan it doarp forsoargje. Dy sille hja nea foarby rinne.
Dat kin fan alles wêze. Foarearst is it faek om jild om slaven
los to keapjen, dy't as sélju gefangen set binne yn Algiers of
in oar séroversnêst. De Heidens krije nochal ris hwat jild,
allinne om se mar kwyt to reitsjen, sa ienkear to Wurdum 18
stûren. In oare kear moast dêr in tûnne bier oan 'e dyk set
wurde foar soldaten, dy't dêr lâns kamen. Mar ek wol ris
moasten dy dêr in dei of langer ûnderhâlden wurde. Foar
slaven fan Harns wurdt ienkear 3-3-0 jown, foar sokke fan
Makkum 2-4-0.
To Surch krije Heidens 47 st., in studint 3 st. reisjild, in man
sûnder tonge krijt 6 st., Heidens krije wer 12 st., oare ek wer
12 st., ruters fan 't leger, dy't har hynder forlern hawwe
krije 31 st. (allegearre om 1620 hinne).
To Makkum jowe hja in edelman út de Palts 1 gl. 4 st., in
Joad, dy't grifformeard wurden is, krijt 0-5-8 (5 ½ stûr)!
To Arum krije hja (1634) in kompagny soldaten, dy't yn
2 ûren 28 breaën, 89 ½ poun tsiis en in ½ tûnne bier op-
meitsje. Dit jildt dus allegearre foar tsjerkfoogden, mar it
lit him wol hearre dat de gewoane partikulier hjir ek net al-
hiel frij fan bleau.
"Dêr op út" is yn 'e regel wol sa aerdich. Hwerhinne
giet dat nou? Wy hawwe hjir foaral it each op de doarpsbi-
wenners. Foarearst gean hja nei tsjerke. Dat wie net allinne
it godstsjinstich sintrum fan it doarp, mar doe ek it maetskip-
lik sintrum. Bilangrike byienkomsten fan de doarpsgemeente
waerden dêr of yn 'e earste tiid op it tsjerkhôf hâlden. Yn
'e tsjerke waerd stimd foar tsjerklike funksjes, mar ek foar

-33-
folmachten en de nominaesje foar grytman. Dêr waerden
forkeapingen bikend makke.
Dan wienen er de rjochtdagen fan de gritenij. Hja
rounen doe earder nei it gerjocht as tsjintwurdich; der wienen
altiid prosessen. En troch de hannen fan it gritenijgerjocht
gounen de forkeapingen, hypotheken, ynvintarisaesjes. En
dan de wykmerken, hwer't de boeren har produkten
ôfleveren en ynkeapen dienen. De froulju sille der wol faek
mei hinne goun wêze yn 'e wein, yn in skip of efter de man
op it hynder. Allegearre dus fordivendaesjes.
Earmere froulju gounen nei de stêd om pountsjes bûter of
skieppetsyskes to forkeapjen of om nei de keapman, hwer't
hja flaeks krigen om foar him to spinnen. Yn 1601 wie der
in keapman to Frjentsjer, dy't flaeks ûnder spinsters stean
hie to Minnertsgea, Tsjommearum, Easterbjirrum, Menaem,
Ried, Huns, Winsum en Lollum.
Margreater feestelikheden wienen fansels de jiermerken
as it werkelik merke wie. Dêr kamen kreammen mei it nijste
guod sa as earizers, doe't dy der noch mar pas wienen. Wees-
bern moatte fan har foogden bûsjild hawwe om mei nei dy
merken to gean. Wy hawwe al kennis makke mei in man
dy't mei in jonge nei de Wyldemerk moast. In oarenien to
Makkum moast mei in famke nei Harns om op de merk hwat
to keapjen; en dat koe ek net yn ien dei ôfrinne, hwant der
moast ek sliepjild bitelle wurde.
It reizen kaem mear foar as men mei dy minne kommu-
nikaesjemiddels forwachtsje soe. Dat blykt al út it feit, dat
de feinten faek mei fammen trouden fier wei. In feint to
Baeijum moast bg. 2-0-0 hawwe om nei Tsjerkwert ta, "om
een frijster toe bysien".
En de foogden seis, dy't kerator fan in boedel binne, swalkje
rounom hinne om dy to birêdden. Sa ien fan Berltsum yn
1603, dy't yn 'e moanne Febrewaris dêr wei nei St. Japik,
Ljouwert, Frjentsjer, Harns, Ljouwert wer, St. Japik wer, en
noch 4 kear nei Ljouwert reisde.
De tsjerkeôfrekkens jowe noch al ris oanlieding om bihoarlik
bier to drinken, soms mei hwat hertliks dêr by. It
lêste binammen yn Wymbritseradiel yn de tiid foar 1580.

-34-
Dat hja ek sa gewoanwei wol ris in feestje yn 'eherberch
hienen, blykt op forskillende plakken fan de weesekkens.
Jonges fan sa'n jier of 17, 18 noadzje har kameratei op in
bierfuif. Sa lêze wy yn 1584: "Noch heeft Herman een tonne
bier laeten haelen dewelcke hy tot Jelle Pieters huyse ten bes-
ten gegeven heeft voor 4 L = 2 goudg. 24 st." Dat wie in
jonge, dy't it foarige jier by in skroar yn 'e lear kond wie.
En yn 1602 "Den 11 September heeft Jacob Harckes van
den rendant ontfangen 2 car. gl. 10 st. an geit doen deii jonge
luyden tot Beintze Epes ½ tonne biers droncken". Dat wie
dy boeresoan fan Dronryp, dy't wy al met hawwe. Op dy
wize kin der noch wol ris hwat barre yn in herberch, dat se
as der in rjochtsaek fan komt "een vechtgespel" neame.
Om de stêd ek net alhiel foarby to gean, wolle wy noch effen
dy apotheker fan Dokkum neame, dy't to Grins him yn in
herberch wol hwat forgeat. Hy hie der "opentlik over de tafel"
oer "de magistraat, vroedschap en kerkeraad van Dokkum"
sprutsen en dy útmakke foar "dekendragers, naijers, strop-
pendraijers en landsdieven"; "met meer spitse woorden ". De
apotheker moast him dêroer forantwurdzje en joech fansels
de drank de skuld, mar moast dochs hiel hwat sêfte en nede-
rige wurden brûke om wer yn genede oannomd to wurden.
Mar mei fan de fornaemste gelegenheden om der opút to gean
foarmen de boelguodden. Wech ende wear wei swal-
ken hja dêr hinne. Dêr waerd dan faek de hele ynboel, sa as
de ynvintaris dy opjowt, forbôelguodde en rounom wie in
keaper foar to finen.
Der fait ús op, dat alles trochennoar forkoft wurdt bg. earst
in tekken, dan in kou, dan in amer e.s.f. Wy wolle sa'n boel-
guod ris bisykje en nimme der foar ien fan de âldste dy't op-
tekene binne en in flink great boereboelguod, al is it dan
fan in pastoar.
It is it boelguod fan "Mr. Hugho" de pastoar fan Lytsjewjir-
rum, forstoarn yn 1553. Hy wie as folle pastoars, en dominy's
ek noch wol, ek boer en brûkte in great diel fan it pastorij-
lân seis. Yn 1543 wie er neffens de Beneficiaelboeken dêr ek
al pastoar en brúkte doe sa'n 90 pounsmiet lân.
De ynvintaris waerd opmakke op 24 Maert 1553 en effen let-
ter wie it boelguod, hwerby de erfgenamen en "mombers"

-35-
fan de weesbern it spul forkoften, nl. op 27, 28 en 29 Maert,
hwant, lyk as wol mear yn dy tiid, koe it net yn ien dei ôf-
rinne.
It is foarearst in gewoane boereynboel mei 1 hynder mei seal,
teamen en in pear spoaren, dan 15 kij, 2 interrieren, 5 hokke-
lingen, 9 of 10 keallefellen (de keallen wienen dus slachte),
2 bargen, 5 ganzen, 4 einen, 6 hinnen en in hoanne. Mar der
wienen al 1 hynder en in pear kij forkoft en seis bisten wie-
nen, meast foar de môlke, útbisteed wylst 3 skiep by in oar
yn it lân rounen, "omme een lam".
Mar fierder wie it in heare-ynboel mei bg. 2 "koetsen", "een
nije uytgesneden koets met een fuetbanck met 2 nije rode
gardynen met twe saijen rabatten" en "een oude koets met
vier blauwe gardinen". Dan wie er ek "een nij hoernswagen
met 4 sittelborden, forder soe als een wagen behoirt te
rijden". Sokke weinen hienen de boeren oars doe noch net.
Mar fierder stienen as by oare boeren de "dyckcloeten" op
it hiem en yn it hôf.
Op it boelguod is it fol pastoars en oare geastliken. Hear
Meynse, de nije pastoar en dus ek de nije boer, keapet alder-
hande boerereau sa as time, kret, barten, wringen, hikpeal-
len en stalhouten (dy wienen doe los); miskien hat er ek al
fan de kij oernomd. En Eelck "heer Meynse huysvrouwe"
keapet guod foar de húshâlding. En Aelck "mr Huygh wed."
keapet ek frijhwat guod, dat hja yn har gedachten wol har
eigen neamd hawwe sil, werom sa as in trisoer, tafel, lekkens
ensf. En ek hear Willem pastoar to Jellum, hear Crispinus
vicarius to Bears, hear Epe to Easterein, hear Piter vicarius
to Itens en mear geastelike hearen binne warber en keapje
tsjettels, potten, aerden amers en oar spul. Egbert de skoal-
master fan Lytsewjirrum keapet ien fan de "dyckloeten" dy't
op it hiem stean foar 25 stûren. De klampe hea op it hiem
giet foar 14 goudgoune foart, de hoarnse wein (nou mar mei
2 "sittelborden") bringt 7 goudgoune min in "oort" op. Noch
wol opmerklik is, dat der ek in stiennen tsiisfoarm for-
koft wurdt foar 6 stûren.
Der wienen bihalven út Hinnaerderadiel ek keapers út Baer-
deradiel, Wymbritseradiel en Snits, mar de krite hwer't hja
weikomme is dochs wol ris greater.

-36-
Hwat de eigentlike folksformeitsen oangiet dêr-
fan komme wy net safolle to hearren, meast allinne is der
tsjin warskôge wurdt. De synoaden neame dan "daitzen,
cransen ophangen, avontspelen" en sa fierder. Ek wjl ris
"clockluyden om de jonge jeucht bijeen te roepen", en dan
foaral yn forban mei de sabbat. De measte gewoane spullen
barden ek meast op Snein, sa as keatsen, pappegaeisjitten,
tûntsjestekken en "cloodtschieten" en hja joegen oanlitding
ta drinken.
Fan de feestdagen fan de tsjerke sa as St. Niklaes, St Stef-
fen, St Piter, Palmsnein e.s.f. hearre wy ek net folle; allinne
tsjin de útspattingen op St. Piter komme hja wol ris op yn de
stêdden.
De merken dille dochs nochwol de fornaemste útgong út-
maJcke hawwe. Synoade en Classis komme dan ek gauris
tsjin de "ijdelheden" dêrfan op. Sa freget de classis Snits yn
1690 "of 't niet in deze coniuncture des tijds nodig zoude
zijn door een strict verbod te weren so in de steden als dorpen
op de jaarmarkten alle spelen en vertooningen van comedi-
anten, coordedansers, guichlaers en andere lichtveerdige
spotdrijvende lieden en actiën, die den staat als in brand
steken." In oare classis hat al earder frege om to forbieden
it "liedsingen op de merekten", hweryn "leugenachtige saken
vaeck worden uitgestroit onder het volk en van Gods oorde-
len die al in waarheyt geschiet zijn, met grote oneerbiedich-
heyt gesongen wort".
Oer de "overdadige verteeringen" op bigraffenissen en it
"dronkendrinken van dien, welcke de dooden beluiden" wurdt
ek wol troch synoade en classis klage, mar dêroer sille wy yn
in folgjend haedstikje noch hwat sizze.

IX. IN PEAR REKKENINGEN.      >> begin
Hwat yn dit boekje stiet is foaral ôflaet út ynvintarissen en
rekkeningen, binammen wees- en tsjerkfoogde-rekkeningen.
De ynvintarissen jowe it fêste, statyske, de rekkens it bi-
weeglike, dynamyske. Yn de rekkens komt hwat bard is,
al is it net altiid like bilangryk. It like ús net forkeard hjir
in pear foarbylden fan sokke rekkens to jaen, leafst sokke
hwer ek hwat fan forhâldingen út blykt.

-37-
Wy bigjinne mei:
1. De ôfrekken mei in boerefeint oer it jier 1501-1502.
Dizze rekken stiet yn it Rekkenboek fan it Hasker Konvint;
wy sette út it Latyn oer hwat de "procurator" fan it kleas-
ter skriuwt:
"Dan haw ik greate Jetse woun foar alle wurk fan Maeije 1
oan Maeije 2 ta en hy sil fortsjinje 11 skyld kurrint jild en
twa pear skuon. Dan joech ik him 10 sturen op de pinkster-
merk. Dan noch op dyselde tiid 5 botsen. Dan joech ik him
8 st. de Sneon nei Vincula Petri (1 Aug.) om in himd to
keapjen. Dan 5 botsen oan him yn Septimber. Dan hat er fan
Nicolaes in lape wite stof krigen foar in broek 1) foar 8 st.
en foerlekken. Dan joech ik him de deis nei Lebuini nl. op
Bricii (13 Nov.) 1½ st. Dan joech ik him 5 botsen yn de
fêsten. Dan in groot foar in mantelkape. Dan 2 st. foar heaken
en jern. Dan 5 skyld foar in lape swarte stof, twa jelne. Dan 18
st. oan him ta foerlekken, 3 jelne. Dan haw ik mei him rek-
kene en doe wie ik him noch 1 ½ skyld skuldich. Dan joech ik
him foar de merk (of merke) 7 st. en sa wie alles bitelle.
Dan haw ik him noch 6 groot jown."
Der blykt dus út, dat Jetse oan syn 2 pear skuon net genôch
hie; hy moast er noch in pear by keapje. Dy lêste 6 groot
wie dus in foai. De groot is in lyts jildstik, yn letter tiid ½
stûr. As wy nou de rekken neigean blykt it út to kommen as
wy foar in skyld 12 stûren nimme. Ik haw der lykwols ek al
ris 13½ stûr foar foun. 2) Hoazzen wurde yn dizze rekken net
neamd, mar de broek kin wol tagelyk de hoazzen omfette
hawwe. De Nicolaes dy't neamd wurdt wie net Sint Niklaes
mar ien fan de bruorren of in keapman.
2. De ôfrekken fan Rienk van Hemmema mei 2 hantwurkslju yn 1569 en 1571.
Wy fine, dat yn it hanskrift fan dy Hitsumer ealman-boer.
Hy skriuwt dan: "Johannes schoenmaker ontfangen een koes-
huyt voer 2 goltgul. ende noch een kalffsvel voer 4 st. hier
tegen heeft Johannes gemaeckt twe paer enkel zole spaense
skoen voer 28 st. noch een paar dubbelde 12 st. noch een
----------
1) Ik haw "broek" oerset, mar miskien hie "in pear boksen" better west;
it wie pas 1501!
2) Yn 1520 wurdt der in kear 11 1/5 stûr foar rekkene (Sipma H nr. 301).


-38-
paer toffelen voer myn huysvrou 11 st. noch 2 st. voer Ber-
bers schoen, noch de maegdt gehat twe paer schoen, enkel
sole ende een paer dubbelt. Een paer leerzen ontfangen den
8 December en had ze besteed voor 50 st. Noch Joh. schoenm.
ontfangen een roed flecke koeshuyt voer twe gol. guld."
De rekken rint net ôf, mar wy sjogge hjir goed it tsjininoar
forrekkenjen fan hwat hja leverje. Berber is it bern fan
Hemmema.
De oare hantwurksman is de timmerman. Wy lêze dan:
"Tiaert timmerman gearbeyt 3 dagen met een knecht stal-
holten gelecht ende een solder verlecht geschreven den 20
Juny. Noch den laesten Juny gearbeyt met zijn knecht somma
4 dagen in alles he. daeges 5st. ontvangen dien dach een
rijxdaler. Noch in Augs. een huyskist gelevert ende in Octo-
ber met een knecht gearbeyt een dach ende heefft ontfangen
dien dach een rijxdaelder uitgerekent ende betaelt in alles".
De húskiste levert dus de timmerman, mar de stalhouten
net. Dy keapet Hemmema seis to Frjentsjer sa as blykt út in
oare oantekening: "Stalholten gecocht van Suirdt Amkes tot
Franiker, 3 voer 6 phls gl. (= 25 st.) gehaelt den 18 May
ende betaelt; sijn lanck geweest mijn 32 voet". (32 fan myn
fuotten).
Wy komme nou op:
3. In fragmint fan in weesrekken oer it jier 1596.
It giet oer in weesjonge Lyuwe Lyuwe zn. ôfkomstig fan
Stiens, dy't nou yn 'e kost is by syn foogd to Ie yn Eastdon-
geradiel.
"Drie nieuwe hemden aan 't begin van het jaar
7½ ellen linnen laecken 2 gg. 26 st. 6 d.
't Maeckloon daarvan 15 st.
¼ jaar schoolpenningen (Alderh. '95 tot
Lichtmis '96 5 st.
Een nieuw hoedt 12 st.
Voor een boeck papier tot Lieuwe behoef 4 st. 6 d.
Voor inct ende een rist haecken aan
zijn clederen gezet 3 st.
Voor een nieuwe hoedt 20 st.
't macken van een paar nije bocxen 16 st.
een paer nije hosen te maken 2 st.

-39-
van Lichtmis tot Mei schoolp. 5 st.
voor een nieuw schrijfbordt 5 st.
een paer nieuwe hoesbanden en een
dosijn feters 6 st.
't scheeren van enige percelen laekens 6 st.
5 vierendeel swart linnen tot een
wambais lijff 7 st. 6 d.
voor 't maken van dit lijff 4 st.
schoenlappen 1 st. 6 d.
een boeck pampier 4 st.
eenich laken voor clederen 15 gg.
't laecken voor een paer bocxen ende hoesen ende hemdrocksmouwen 5 gg. 21 st.
voor inckt 1 st.
't maecken van 2 paar nieuwe bocxen te samen 9 st.
een nieuw laeckens wambais ende een bombasynen lyff te maecken 7 st.
een paar hosen maken 5 st.
Hwat it jild oangiet, it giet hjir dus yn gg. of goudgounen fan
28 st.; 6 d. = 6 denaren. Dat is noch de âlde rekkening hwer-
by 1 stûr = 12 denaren; dus 6 d. = ½ st.
Hjir wurdt dus oars neat forrekkene as foar klean en skoal-
bihoeften. Kostjild wurdt net neamd omdat de jonge by de
foogd thús is; letter blykt it jiers 35 goudgoune to wêzen.
It skriuwboerd, dat neamd is, sil in boerd weze dat hja op
de kni'bbels lizzen hiene om op to skriuwen, doe't er yn de
skoallen noch gjin tafels wienen; letter hjitte it skoalboerd.
In pear posten út in oar jier wolle wy hjir effen oan tafoegje.
Oan sport wurdt yn 1595 útjown:
"het slypen van schooflingen" 3 st. 6 d.
en yn 1597: "om een colff te coopen" 6 st.
En oan reizen: yn 1595: "naar olde moeder" 16 st.
en "naar beste moeder" 12 st.
en yn 1597 "in Victoers markt te Doccum" 4 st.
en "in allerheilgen markt binnen Doccum" 11 st. 3 d.
Dan waerd er tominsten yn 1595 noch in boek koft:
"een groot A.B. boek" 1 st.

-40-
Einlings noch:
4. In fragmint fan de tsjerkerekken oer 1634.
It binne útjeften fan de tsjerkfoogden to Wurdum:
Aan bakker 103 c.g. lst. voor geleverde brooden 73 ggl.-17-0
voor impost van 7000 klinkers tot vloering der
pastoriepaden 1 ggl- 9-0
7000 nieuwe klinkert tot vloering van
pastoriepaden 16 ggl-21-0
Aan herbergier van vertering en besteden om
het kerkhof te slechten 4 ggl-13-0
aan coopman voor weeks een bolle boter 20
weken lang met 17 halve bollen boter weeks
ende een emmer vol suyp 's weeks tot 38
weken lang 9 ggl-13-0
wegens 5 coopbroden weeks 28 ggl-16-0
een bolle boter om d' 14 dagen met een half
emmer vol suyp 's weeks by Jacob Takes
genutticht van 3 Aug. tot 16 Nov. 3 ggl- 6-0
5 schuite min een verndel goede Wispeler turff 33 ggl-10-0
Ut de le post blykt dat hja yn car. gl. fan 20 st. rekkenen
mar it op de rekken fêstleinen yn goudgounen fan 28 st. Dat
is ek bard by de foargeande weesrekken no. 3.
"Coopbroden" sille breaën wêze net yn it doarp bakt mar
fan bûten oanfierd, hwat folle barde. De bûter en sûpe binne,
lyk as it bier, foar de earmen, hwerfan ien noch apart neamd
wurdt.

X. SYKTE EN FORSTJERREN.      >> begin
By it Hasker Konvint wurdt nochal ris fan sykte
sprutsen en oer medisinen, dy't foar de siken koft wurde, mar
sflnder bisûnderheden. Ek wurdt der al ris in bril koft. As er
hwat neamd wurdt dat by sykte jown wurdt is it meast hwat
swiets sa as "rosehonich", "sukerkandi" of "soetholt". Faek
wurdt ek foar swakken en siken bier of wyn koft en licht to
fortarren spizen as wiggen en rezinen. Nei it litten, hwat ek
ta de genêskundige praktyk heart, itselde ek mei farsk fleis.
Dit barde soms yn it foarjier, soms yn it neijier.
In inkelde kear, nei wierskyn yn earnstige gefallen, gongen
hja mei de urine nei in pisbiloatser to Snits; ienkear barde

-41-
dit mei de urine fan de prior. Koart dêrnei wie der in nije
prior, dus de pasjint sil stoarn wêze.
Yn it Aldekleaster wurdt ek wol ris sûpe oan de
siken jown. De foarige abbet blykt noch in skuld neilitten to
hawwen oan in chirurgyn to Harns, dêr't 6 c.g. 3 st. fan stean
bleaun is. Oars haw ik net foun.
Dirck Jans fan it Bildt blykt yn 1606 in ûngelok
hawn to hawwen mei hynder en wein. De earm wie út it lid
en der skynde noch mear oan skeeld to hawwen; hy seit:
"soodat ik een maand by die beul tot Leeuwarden heb te
mester gelegdt diet my met behulp van vyer ander mans int
9e eetmael weer int schouwer gesedt niet sonder groete
pijn". It kostte "30 keisers gl. buten alle costen in de her-
berge".
Hy forhellet ek fan in slimme pestsykte yn 1599, hwerby 255
minsken yn St Anna stoarn wienen, hwat al hwat heel bar
liket. Yn it Rekkenboek fan it Hasker Konvint lêze wy ek
fan sa n slimme sykte yn 1515.
De boal wie de gewoane chirurgyn by earmen út it lid en
brutsen earmen en skonken. De barbiers wienen oars de
gewoane chirurgyns en hja pasten der tige op, dat de boal
him net mei blessuren bûten syn ôfdieling ynliet. Buten dy
beide wienen der dan noch de eigentlike dokters, de medicinae-
doctores, dy't folslein bifoege wienen. Yn de weesrekkens en
tsjerkerekkens wurdt de boal ek noch wol ris neamd.
Sa lêze wy yn 1620 yn it Wurdumer tsjerkerekken-
boek
: "Mr. Jochem scherprechter van meysterloon by hem
aen Jacob Claeses wijff verdient van een gebroken arm
4-8-0".
En to Wytmarsum: "Mr. Jochem voor meisterloon aen Bue
verdient 8-22-0" en "Bue Sibolts slaepvrou als hy by d'
beul't meyster was 3-0-0" en "Item den selven tyt voor Bue
Sibolts betaelt 3-8-8". Is it sliepen en de kost apart birekkene
of is it lêste foar in diel reisjild? Dizze Bue blykt by in
skuonmakker yn 'e leer west to hawwen. 1) Mr Claes, dy't
----------
1) Yn de jierren 1625-1635 komt Gysbert Jacobs ek yn dizze tsjerke-
rekken foar. De lêste kear stiet er: "Nu Gysbert Jacobs van pensie 1 Mei
verschenen 25-0-0; noch twe weecken schooldienst 4-6-0." It hat dus 100
goune jiers west, mar dat wienen goudgounen, dus it is 140 c.g. Hy wurdt
opfolge fan Jacob Claesz.


-42-
tagelyk skearder wie, die it foar minder; hy bihannele in "seer
been" foar 1-18 of ek wol ris 1-19.
Yn Balk komt it ek ris foar dat de chirurgyn, Mr. Jchannes
Wijndruiff ek tsjerkfoogd is; hy skriuwt "de rendant zelf
wegens geleverde medicinen op 14 Febr. 1684 aan de gemeene
verscheydene arme personen gedaen 16-12-0".
Yn datselde plak "Jan Coenraads apothequer tot Worcum
wegens geleverde midicinen op 14 Febr. 1684 aan de gemeene
armen gedaan 3-10-0". Apothekers sille der hast allinne yn
de stêdden west hawwe. En yn Balk krije de siken bier: "6
Rinckelmans bier door 3 personen in haer dootsieckten
genoten 2-8-0" en "1 rinckelman en 3 minglens best byer
door kraemfrou genoten 1-1-0".
Yn 1621 hienen de tsjerkfoogden fan Wurdum frijhwat mei
sykte to stellen. Dokter en barbier wurde mei hynder en wein
foar Anke Haijes helle, hwat 2-4-0 kostet; de dokter forordo-
nearret medisinen fan in apotheker 10-5-0. Bier foar Anke
nimt 5-10-0 en dan noch it foarnaemste: "Mr Gerbrant voor
costen en diensten deur hem en zijn knechten int cureeren
en visiteeren van Anke Haijes 30-10-0".
Is dat de barbier? Mar der is noch ien post: "waren door
dokter en chirurgyn foar Anke Haijes gehaald en voor andere
kranken onderhoud: 17-7-4". Dus der wienen mear siken,
mar Anke is stoarn, hwant der wurdt ek in deakiste foar
Anke bitelle tagelyk mei "een nieuwe voet aen de tafel in des
predicants sale".
Ut it foargeande is wol op to meitsjen dat de bioefeners fan
de genêskunde meast ynde stêdden tahâldden; der wie-
nen yn in pear stêdden ek chirurgynsgilden. Seis kaem it foar
dat in stêd in stêdsdokter hie: yn 1565 waerd to
Frjentsjer ta "stadsdokter en medicynmeester" bineamd
Pieter Tiara "eertyds te Franeker thans te Douay". Hy krige
fan de stêd 50 c.g. bûten itjinge him "by enige edelingen,
cloesteren ende andere private luyden alhyer ende hyrom-
trent tot jaerl. stipendie toegesecht sal worden" boppe de
gewoane bileanning foar syn tsjinsten. Der is in list fan dy
taseine bidragen by. De heechste binne fan de abbet fan Lid-
lum 12 c.g. en de priors fan Bayum en Aengum elts 10 c.g.;
de oaren jowe 6, 4 of 3 c.g.

-43-
Dit wie wol in moaije útfining, mar ûngelokkich wie it yn 1574
al wer út. De stêd sei it kontrakt op, omdat hja "met schul-
den bezwaard" wie. Der blykt net hoe it doe fierder gong. 1)
Wy binne nou oan it lêste ta: hwat stiet der yn de rekken-
boeken oer de stjergefallen?
As der ien stoarn is moat de famylje foarearst foar in
grêf soargje. As hja net ien hawwe kinne hja ien fan de
tsjerke keapje; dat kin wêze yn 'e tsjerke of dêr bûten op it
tsjerkhôf. It earste is fansels it djûrste. To Makkum bg. waer-
den yn de lêste helte fan de 17e ieu nochal hwat grêven for-
koft; dy op it hôf kosten miskien trochinoar sa'n ryksdaelder
en dy yn 'e tsjerke sa'n goune of tsien. Mar wie it "met de
steenen" dan 15 goune. Dat lêste sil bitsjutte dat de stien-
nen dy't der op leinen dan eigendom fan de keaper wienen.
Mar dêrmei wie it grêf noch net klear; it moast noch groeven
wurde en der moast noch uthelle wurde, hwat der forgoun yn
oerbleaun wie.
Der is to Makkum noch in reglemint oer foar de deagraver
fan 1738, dus fan hwat letter tiid, mar wy sille dat hjir foar
in diel oerskriuwe. Dat jowt dizze prizen oan:

In de kerk:
een oude doode 1 diep 4-6 (4 goune 6 st.)
een oude doode 2 diep 5-6
halfvolwassen 2-3
kind 1-10
Buiten de kerk:
een oude doode 1 diep 1-16
een oude doode 2 diep 2-16
halfvolwassen --18
kind --6
(maar kind bij avond of nacht) --12
Arme staat:
1 graf voor de diaconie --16
1 graf voor de meniste of roomse armen --18

1 diep en 2 diep sil hjir bitsjutte of der ien kiste yn moast of
----------
1) Privilege-Boeck (Gem. Arch. Frjentsjer). In stêdschirurgyn skynde dêr
faker to wêzen. To Harns hienen hja ien yn de 17e ieu.


-44-
twa boppe inoar en "bern by joun of nacht" sil dat moatten
hawwe as it yn stilte barre moast? 2)
As twadde needsakelike útjefte neame wy de kiste hwer-
fan de priis nochal hwat wikselje kin; mar foar in gewoan
boerestjergefal soe ik neame wolle to Wytmarsum yi 1633
11 goudg. 15 st. en to Stiens yn 1666: 11 goudg. 22 si Mar
dêr kin heel hwat bykomme as de kiste mei hwat ;taesje
nei it stjerhûs brocht wurdt of dy moat bg. nei in oar doarp
ta, sa as dy kiste fan Wytmarsum dy't nei Easthim brocht
wurde moast, dêr't de frou forstoarn wie. Dan is ei noch
fóár de bigraffenis it lieden fan de klok sa't hjitte om it stjer-
gefal bikend to meitsjen. Dit barde de deis nei it stjerren;
soms koe dat yn ien ûre ôfrinne, mar it moast ek wd ris 3
ûre duorje. Dat lieden kostte noch al hwat, mar it bier dat der
by kaem wol ris mear. En as der buorreplicht wie en it lieden
kostte neat, dan sil it bier der dochs wol bykomd wêze. Yn
it Wytmarsumer gefal krigen de lieders 8 kanne bier, dat is
dus 32 mingels. Dat 3 ûre lieden barde noch by ús Fermerom
yn 1848 to Koarnwert. In tsjerkfoogd to Skraerd hat dêr ris
op in Snein de boel yn ûnstjûr brocht, doe't er hawwe woe,
dat de klok ûnder tsjerktiid trochliede soe omdat syn wiif
stoarn wie.
Dan komt de bigraffenis, ek wer mei kloklieden en
mei it "leedmiel". "Op de leed" stiet er gewoanlik as op-
neamd wurdt hwat der foar de bigraffenis koft is. Dat kin
tige útinoar rinne, ienfâldich of oerdiedich, mar altiid wurdt
der in bihoarlik miel jown. Der wurdt "weitenbrood, butter
en melk" (soms) "vleis en kaes" foar koft, mar ek "grauwe
orten" en soms "rijs, suiker, kaneel". It oerdiedichste miel dat
ik biskreaun foun wie yn 1650 yn Weststellingwerf, dêr't
dizze posten foarkamen: "voor een os op d'groeff gelevert
45-15-0", "voor d'os in de groeve te slachten 0-12-0", "voor
braadpannen in de groeve 0-15-0" en "2½ tonne bier tot de
groeve 47-10-0."
De "groeve" bitsjut hjir blykber de bigraffenis. Mar der stie
dochs ek noch by: "bier op d'leed 22-4-0".
En hjirmei nimme wy ôfskie fan ús 16de en 17de ieuwers. De
----------
2) Nou't ik Makkum hjir neam kin ik net litte de lof to forkundigjen fan
it Makkumer tsjerkhôf. Doe't ik der noch wol ris kaem wienen der allinne
lizzende stiennen; hwat makke dat in rêstige yndruk!


- 45 -
omgong hat wol tige uterlik west. Wy hienen ek wol ris mei
Greate Jetse prate wollen en wy hienen wol hwat mear fan
Pybe Annes syn hûs witte wollen (om fan Pier-om mar to
swijen). Mar sa fier wurdt de doar fan it forline net foar ús
iepen lutsen.
Mar nou gean my noch in pear nammen troch de holle, dy't
ik yn dit stik net brûke koe, omdat hja gjin rol spilen.
En dochs sit yn dy nammen eat fan de geast fan it for-
line; en is de geast net mear as it lichem? Kom dan op
Moalpûde en Dommekraft en bliuw net binefter Troubodder
en Rjochtút!
Yn Warkum hawwe hja allegearre bikend west.

>> begin



>> begin